Teleks: Ferslach presintaasje ‘Boechbylden’, Slauerhoff yn it Frysk

logo.ensafh

BOECHBYLD FOAR BOECHBYLD BROK

Hjoed is yn ’e SlauerHoff by boekhannel Van der Velde te Ljouwert it earste eksimplaar fan it boek ‘Boechbylden’ oanbean oan de kommissaris fan de Kening yn Fryslân, de hear Arno Brok.
Foar dizze lang ferwachte útjefte binne fersen Jan Jacob Slauerhoff útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam en Abe de Vries. De lêste spruts de kommissaris ta.
“Boechbylden, it risseltaat, hat jierren ûnderweis west. It sonk, it kaam wer boppe wetter, en dan wie it wer fuort – dit boek hat wat dat oanbelanget wol wat fan de Vliegende Hollander hân – mar no is it der dan einlings. Slauerhoff yn it Frysk. Wêrom yn it Frysk? Dat is in ienfâldige saak: om’t it Frysk no ienris, sa’t elkenien wit, de moaiste dichttaal fan ’e wrâld is. It is spitich dat de Ljouwerter Jan Jacob dy taal net behearske, oars hie er it wol witten. Mar ja, hy moast him mar sjen te rêden mei dat keale Nederlânsk. En it moat sein wurde, hy is der in hiel ein mei kommen.
Menear de Kommissaris. It is net foar neat dat jo hjoed it earste eksimplaar oanbean krije. In boechbyld fertsjinnet in boechbyld, sa is dat. En de freonen fan de Fryske taal en de Fryske literatuer meie bliid wêze dat se in kommissaris hawwe dy’t as boechbyld fan taal en provinsje mei de Fryske literatuer mei op reis wol.
Quo vadis, dat wit net ien, mar dat is no krekt it aardige. Eppie en ik as dekswabbers fan tsjinst hjitte jo fan herte wolkom oan board en winskje jo en ús splinternij skipke in behâlden feart yn sinneskynwaar.”
Om dêrnei it boek mei help fan in antike peddel oan de hear Brok te oerlangjen, dy’t op syn bar in lofrede hold oer it Frysk en de Fryske literatuer. Kommissaris Brok betanke foar it noflike barren op dit bysûndere plak en ferraste de oanwêzigen mei it foardragen fan in gedicht út ‘Boechbylden’.

Boarne tekst en foto: Het Nieuwe Kanaal op Facebook

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *