Poëzij Abe de Vries: It ûnderskied

logo.ensafh

 

 

 

Ta de neitins fan B.

’k Bin skoff’ler yn ’e tún fan ’e kultuerredaksje,
in earsten fersoarger fan in memoriams.
‘k Moat oerrinnend folle libbens redusearje ta in fraksje,
oars rint de krante oer, en bûten ‘t ramt
fan ’t nijs mar keurich koart te melden:
hy of sy, dêr of dêr wei, bestiet net mear,
dêr’t jimme dat tinne boekje fan bestelden.
Immen is ferstoarn. Mei ‘t dichtsjen klear.

Lês fierderAbe de Vries

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *