Aginda 30-10-20: Stúdzjemiddei Fryske Bibeloersetting oer ‘soarte’ Frysk

logo.ensafh

Wie Maria swanger, swier of yn ferwachting fan Jezus?
Sokke en oare taalfragen komme oan ’e oarder op in stúdzjemiddei fan YKFE-FBO, de stifting dy’t dwaande is om de Bibel opnij yn it Frysk oer te setten. Ien fan de fragen is: nei hokker Frysk wurdt oerset: dat fan ‘yn ferwachting’ (in lienwurd út it Hollânsk) of dat fan ‘swier’ (in ‘echt’ Frysk wurd)?

Sân saakkundigen binne útnûge om elk foar oar in aspekt fan dat ûnderwerp te beljochtsjen. It binne: prof.dr. Nicolien van der Sijs (Nijmegen), dr. Willem Visser (RUG/Fryske Akademy), dr. Lénart de Regt (Vrije Universiteit/United Bibel Societies), Nika Stefan MA (Fryske Akademy), Gerbrich de Jong MA (NHL-Stenden), prof.dr. Hans Van de Velde (Fryske Akademy/Universiteit Utrecht) en dr. Cor Waringa, oersetter Nije Testamint.

Sjoch foar mear ynformaasje by It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *