Henk Nijp

Wrâldreis

logo.ensafh

Fan ‘e wike kaam ik yn Ljouwert ynienen efter sa’n blauwe Arrivabus te riden, it avesearre net al te bot, it heakke nochal op ‘e rotonde, dat ik hie it wol oan tiid en lês it ferhaal op de achterkant fan de bus. It gong oer in ‘wereldreis Fryslân-style’, de lêzer waard oantrúnd om op ekspedysje yn eigen provinsje te gean. Hiene wy sa’n ekspedysje ek al net ris earder by de ein hân, in pear jier tebek? It kaam my net alhiel ûnbekend foar. It wurd ‘ekspedysje’ hat foar my altyd in konnotaasje mei wat ûnherberchsums, fan ûnlân, woest en ûngastfrij, it jout my wat in ‘unheimisch’ gefoel om mar ris in bûtenlânsk wurd te brûken. Mar dat is myn ynterpretaasje fansels.
Doe’t ik de jûns de brievebus leechhelle siet der tusken de ‘ja / ja’ hûs-oan-hûsblêden in bewareksimplaar fan de ynspiraasjekrante dy’t oer dyselde wrâldreis giet. It blykt in útjefte te wêzen van ‘Visit Friesland’, in Fryslân-promoasjeklup dy’t de toeristestream op gong helpe moat. De koroanamaatregels binne ek yn it blêd meinaam; oardelmeter is peanuts yn de natoer ropt it op de foarside. En der folget fierderop in listke mei ‘noch net ûntdutsen’ natoergebieten. Mei oare wurden: bûtenút is romte genôch.
Wisten jo dat wy hjir the Cliffs of Moher ûnder hânberik hawwe? Ien kear riede… ja, yn ien kear goed; de Gaasterlânske kliffen tusken Aldemardum en Murns, krekt 6 meter heech, se kinne mei gemak 20 kear yn dy fan Moher. En de Iselmar as de Atlantyske Oseaan, hmm, ik wit net….
Neffens dy ynspiraasjekrante ha wy hjir ek ikoanyske bouwurken dy’t mei de Sineeskse muorre streekhâlde kinne. Let op! Tadaa… fansels de Ofslútdyk, hoe soe it ek oars en it tsjerkje fan Hegebeintum, Thialf, it Woudagemaal en net te ferjitten: Vijversburg by Tytsjerk. Soene dy ‘ikoanen’ ek werklik te sjen wêze heech út de romte wei lykas dy ferneamde muorre yn Sina? Hegebeintum?
No foarút, faaks as it Woudagemaal wer ris aardich ûnder stoom stiet winterdeis ha we noch in lytse kâns dat dy opstiigjende dampen te sjen binne. Mar dan moat it al knap helder wêze.
De Amerikaanske Route 66 moat him mjitte mei de Turfrûte, de Skûtsjerûte, de Pelgrimsrûtes, in Ferhalerûte en net te ferjitten de 11fountainsrûte. Mar dy lêste is eins itselde as de Alvestêderûte, lykwols jo geane no uteraard foar de fonteinen fan Tilroe.
Wy kinne fuortdaliks nei Canada, hjir om ‘e hoeke; de indian summer ûndergean yn ‘e bosk by Beetstersweach, wy kinne nei Pisa, lês de Aldehou yn Ljouwert want dy stiet ek wat bryk. Yn in stiif kertierke binne wy yn Kent oftewol by Stania State yn Oentsjerk, en de Davinci Code spilet him ôf by Jannum yn it tsjerkje op ‘e terp, mei wat fantasy. Ek ha wy hjir in ‘Towerbridge’ al hinget dy net boppe de Theems mar oer de Kolk yn Snits. Tsja…
Blykber hat alles wat it besjen wurdich is yn ús provinsje neffens ‘Visit Friesland’ in bûtenlânsk labeltsje nedich. Komme de toeristen oars net? Leauwe dy pas as der earne bygelyks Provence of Venetië by stiet dat it de muoite wurdich is om der hinne? Moatte wy sa ús ynternasjonale alluere opkrikke? Of is it faaks in mispleatst ‘lyts tinken’? Jo sizze it mar…
Wat ûnbegryplik is it dat dizze Wrâldreiskampanje fan ‘Visit Friesland’ pas yn septimber úteinsetten is, krekt op it momint dat elkenien wer werom is fan in prachtfakânsje yn eigen lân. It komt my in bytsje foar as moutarde de Dijon nei it miel.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *