Anne Feddema

Winsk fan in skilder (2)

logo.ensafh

Wat hienen jo no winliken oan sa’n stimke yn je ynderlik? Gean der mar hinne?
Hjir gjin lyts mantsje mei pet mar in giel plastifisearre plakkaat op ’e doar. Fedde lies it …Covid 19…bladibla…ticht.
Krekt op dát stuit gong de doar iepen en kaam der in man nei bûten, in man mei in grut read burd en wyld read hier, dat alle kanten út syn wei socht.
Hy seach Annema en die fluch syn masker foar, dat sa like it alteast, earne  ferstoppe sitten hie yn ’t burd. Fedde Annema skrille in heal meterke tebek en goaide derút: ‘Ik bin skilder en kom út Fryslân…foar Bacon syn atteljee… Mata Hari?…Alma Tadema?…Yes?
It skilderseach seach dat it reade hier wol hiel bot kontrastearre mei de yn en yn witte hûd fan ’e aparte man. Dizze like djip nei te tinken en sei doe:
‘No, kom der mar yn dan…ik haw in kertierke…mar fluch…in skilder, hin?’

Fedde stie no yn it atteljee fan Francis Bacon.
‘Wat in hillich geniaal soadsje’, sei er suver núnderjend foar him út.
It folsleine, oankoekbakte mei fervespatten biten en brokken atteljee, hienen hja sintimeter foar sintimeter dokumintearre en wer krekt sa as it wie yn Londen, wer opboud as in bouplaat yn Dublin.
Annema fûn de tsjustere, iere wurken fan Bacon it ynkringendste. It lettere wurk stikken minder.
Mar wat wie minder by in sjeny as FB, altiten noch tichtich kear mear as it bytsje dat er sels yn ’e keunst yn te bringen hie.
Hy wist net hoe lang hy dêr stie te dreamen en drôgjen. Fedde rûkte in numerike skerpe lucht en seach ûnnoazel om him hinne…wie dat reek?
Brân?…brân? Hoe of wat koe him net skele…fuortwêze en gau ek.
As in gek rûn er in pear sealen troch en yn ien derfan lei immen op ’e grûn, neaken en bleat.
It wie de readhierrige direkteur…hie it wol de direkteur west? Der stienen kearskes om him hinne. Hy lei op ’e rêch en stoareage nei it plafond.
Der wie in pentagram om him hinne skildere. Lang bleau Annema net om te sjen. Efter de pûsten kaam de skilder by de útgong. Alle alarmynstallaasjes makken no in beierts leven.
Aldergeloks wie de doar iepen en hy naaide dertuskenút. Minsken mei maskers seagen him nei.
Hy hie alles by him en naam de bus nei it fleanfjild.
De jûns koe er wer nei it Heitelân. Yn it fleantúch, in bytsje bekaam fan alle konsternaasje, die er einlings syn rêchsekje iepen, sjen oft syn iPad noch yn oarder wie. Der siet in map yn…hiel âld sa te sjen en dy wie net fan Fedde. Hy pakte de map en iepene dizze. Allegearre nuvere plaatsjes en tekens…hy seach lytse poppen dy’t yn in Beam hongen en in grutte bokkekop.
Op dat stuit begûn it fleantúch te kanteljen en te draaien. Om him hinne begûnen minsken te skriemen en sels te bidden.
‘No…dat haw ik wer…my wat te folle teäter de lêste  tiid.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *