Geart Tigchelaar

Rely Jorritsmapriisútrikking 3 oktober 2020 yn it Stedhûs te Ljouwert

logo.ensafh

It stedhûs dêr’t de Rely Jorritsmapriisútrikking dy’t jier plak hie.

Fanwegen de koroanamaatregels wie it barren om de útrikking fan ’e Rely Jorritsmaprizen hinne frijwat sober. Sadwaande wie it ditkear yn ’e Oranjeseal fan it stedhûs yn Ljouwert. De reade stuollen stienen allegearre op oardel meter ôfstân. It wie gjin flitsend multymediaal spektakel sa’t wy dat de lêste jierren wend wienen fan Studio Smids. Nettsjinsteande wie it in feestlik barren en sa’n seal jout it gehiel in beskate grandeur.

Yn ’e lúkse Oranjeseal stienen de reade stuoltsjes kreas opsteld.

Hein Kuiken, as wethâlder fan kultuer, wie wakker wiis mei it feit dat de gemeente partisipearje koe yn dizze priis. Trochdat de gemeente Ljouwert flink útwreide is mei doarpen dêr’t in soad Frysk praten wurdt, wolle hja har stientsje bydrage oan it stimulearjen fan it Frysk in priis as de Rely Jorritsma past dêr hiel goed by. Hy die syn praatsje yn it ‘Seehavenfries’ sa’t er syn Harnzer stedsfrysk sels neamde.

Hein Kuiken sprekt yn syn ‘Seehavenfries’ de minsken yn ’e seal ta.

De presintaasje wie fierders yn hannen fan de foarsitter fan it FLMD, Willem Verf, dy’t hieltiten de priiswinners frege hoe âld oft se wienen, wêr’t se wennen en fan wa’t se ien wienen. Dêrnei waard troch ien fan de sjueryleden om bar (de sjuery bestie út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl) it oardiel oer it oanbelangjende ferhaal of fers foarlêzen. Douwe Kootstra, as foarsitter fan ’e sjuery, hie dêrfoar al it algemiene part fan it sjueryrapport foarlêzen dêr’t er ek koart yngie op it feit dat der altiten lju binne dy’t miene dat it der net earlik om tagien wie. It sil Fryslân ek net wêze of der is kreauwerij.

Willem Verf joech wat eftergrûn oer it ta stân kommen fan de priis.

Douwe Kootstra lies it algemiene part fan it sjueryrapport foar.

 

Willem Verf frege de priiswinners ek wa’t harren literêre helden wienen en wa’t foar harren beskieden west hat om mei it skriuwen te begjinnen. Syds Wiersma hat les hân fan de oare priiswinner, Sjoerd Bottema, en nei it lêzen fan Lucebert by Bottema yn it klaslokaal tocht er: ‘Ik wol dichter wurde!’

Willem Verf en Syds Wiersma.

Muzikant Marcel Smit spile tuskentroch en fertelde dêrby as echte Fryske trûbadoer smout oer hoe’t syn lieten ta stân kommen wienen. Hy hie yn ’t foar yn de holle om by elk ferhaal en it fers wat te spyljen, mar om’t dat net tafoel, liet er dat gewurde. Dat is fansels better as tige forsearre eat derby te dwaan. Lykwols wie der wat betizing doe’t er fertelde dat er it measte hie mei it ferhaal ‘Total loss’ fan Sjoerd Bottema, mar yn it ferhaal fan Bottema kaam gjin Skoda Octavia Bussiness Line foar. It die bliken dat Smit it ferkearde ferhaal krigen hie.

Marcel Smit fersoarge de muzikale ôfwikseling.

Alle priiswinners hawwe lykas wenst in part fan harren ferhaal foarlêzen. Wiersma, dy’t in lang, ferheljend fers hie, lies dêr ek in part fan foar. De priiswinnende ferhalen fan Elmar Kuiper, ‘Ni Hao’, fan Sjoerd Bottema, ‘Total loss’ en it fers fan Syds Wiersma, ‘Famke’ binne werom te lêzen yn it Rely-nûmer fan Frysk literêr tydskrit Ensafh.

Elmar Kuiper

Syds Wiersma: ‘Ik wol dichter wurde.’

Sjoerd Bottema.

Inge Heslinga.

Rianne Blokzijl lêst it oardiel oer Wiersma syn fers foar.

 

Kuiken lange de manlju harren priis oer en doe soe it espeltsje minsken op nei it Oranje Bierhuis om’t der gjin neisit op it stedhûs mooglik wie. Lykwols siet dy kroech al fol mei tritich minsken, dat elkenien is yn ’e streamende rein syn of har wegen gien..

 

It Rely-nûmer fan Ensafh mei de twa priiswinnende ferhalen en it fers.

 

De trije priiswinners mei de trije sjueryleden en wethâlder Kuiken

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *