Kollum Eelke Lok: Wane

logo.ensafh

Ik ha hiel faak omtoarke yn de Alde Feanen. Neffens de webside fan Merk Fryslân hie ik my dan wane moatten yn de Amazone, de rivier dy’t fan Peru nei Brazilië rint. Ik ha dat nea dien. Ik ha my altyd gewoan waand yn de Alde Feanen, tusken Warten en de Headammen. Yn de Amazone ha se gjin 18-mêd, gjin Skeanesleat en gjin Izakswiid. Yn de Alde Feanen ha we gjin krokedillen.

Merk Fryslân is de offisiële regiomarketingsorganisaasje fan Fryslân. Dat neame se offisieel, dan krij se teminsten bakken fol jild fan de provinsje. Dy’t Fryslân hyt, en net sa at Merk Fryslân seit ‘Friesland’. Sterker, it spesiale gefoel foar in eigen folweardige taal wurdt net brûkt op dy marketingwebside. Lytse talen, dy’t wy sa nijsgirrich fine yn Ierlân, Wales, Katelonië en sa, jilde foar Friesland blykber net as toeristenlokkerke.

Lês fierder by Eelke Lok

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *