Marcel Plaatsman

Net nei Fryslân ta

logo.ensafh

Skriuw dy kollum no, seit de grutte dichter Knilles yn in lyts mailtsje. Jawis, dy kollum, dy moast ek noch. Dêr bin ik oars ek wolris let mei, dat de redaksje fan Ensafh sil dêr wol neat efter sykje as ik der mei wachtsje. Mar no is it wol slimmer. Ik kom der kwealik ta, yn it Frysk te skriuwen. Ik haw al sa’n tiid net yn Fryslân west!

De lêste kear wie ferline jier. Doe wie ik yn it foarjier yn Hylpen en it neijier op it Amelân. Ik wie ek noch yn Harns en yn Ljouwert. Ik seach Snits troch de glêzen fan ’e trein, lân en wetter en de Fryske loft. Mar no is it 2020 en bin ik dêr net. Earst mei’t it net mocht en no’t it wol mei – no, gewoan, mei’t ik dêr net ta lykje te kommen.
Yn Hylpen haw ik oars in bêste tiid hân. Doe’t ik de trein út rûn stie der in boerepleats op ’e kop en yn it stedsje sels wiene de lju drok dwaande harren âlde taal yn libben te hâlden. Ik wie der foar it Graet Hylper Wordebook, dat naam ik mei yn ’e trein.
Op it Amelân kaam ik ek foar de taal, dêr skreau ik hjir earder oer. It Amelân is in bytsje in lân op himsels, mar ûnderweis seach ik wol de tsjerken en de doarpen fan it noarden fan Fryslân. Dêr is ek net oan te ûntkommen fansels. It eilân sels dat liket wol op it lân tusken Alkmaar en Skagen, in richeltsje dunen en dan de polder. Sa moai, sa ienfâldich.
En Harns! De hoarn fan ’e boaten en de supermerk tusken haven en see. Se prate der wol net sa graach Frysk, mar fierders is it dêr ek allegearre moai en âld en nijsgjirrich, en Harnzersk mei ik oars ek wol oer. Snits mei al dy neo-stilen. Rein, wyn, ljocht, en freonlike taalkundigen yn ’e trein nei Ljouwert ta.

Mar nee, ik wie dit jier dus net nei Fryslân ta. Oars sjoch ik it lân út in bus en hoe dan ek as in bûtensteander, mar no sjoch ik it hielendal net. Dat, ik kin der wol in fantasy fan meitsje. In Fryslân mei echte, tichte wâlden en hege bergen yn Gaasterlân, marren dêr’t tige swiere boaten oer gean en in Waadsee dêr’t in soartemint Atlantis yn leit, sa’t de âlden it dêr wol tocht ha.
Mar eins is dat net nedich, ik wol it net grutter meitsje. Lit ik it lytser meitsje. Dan wurdt it in eilân, lykas Tessel. Dêr’t ik ek al in healjier net west ha.
In lyts Fryslân hat faaks minder tsjerken, mar wol de moaiste. Minder auto’s binne der dan ek, minder wegen, minder dagen nedich om der troch te gean. Gjin alve stêden mar ien of twa. En foaral: de dunen tichterby, de Waadsee mar in rivier of sa, en alles mei de fyts te dwaan. As ik dat der fan meitsje, kin der hjir yn Noard-Hollân ek wol in Fryslân passe. Of yn myn holle.

Mar goed, fantasy. Net dy fantasy is it probleem fansels, it probleem is dat der kwealik in alternatyf foar is. Ik koe der net oan ûntkomme en de lêzers ek net, ek al hawwe dy lêzers, tink ik, wol yn Fryslân west. Der wie net folle oars te sjen en tagelyk wie alles oars. No hoopje ik mar dat ik foar myn folgjende kollum net mear te fantasearjen hoech.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *