Greet Andringa

Keppelbist

logo.ensafh

Ik bin dizze wike allinnich thús. Man is op bûtenlânske reis, bern binne by harren heit. De âldste twa fytse dêr fia harren skoalle hinne, de jongste ha ik earjustermoarn nei it oare thús brocht. Frjemd genôch ried ik fuort mei itselde gefoel yn de mage as doe’t ik har âldste sus 16 jier lyn foar it earst by de berne-opfang achterliet. Dy wie doe lyts en kwetsber, dat is myn ‘lytse’ no yn de fierste fierte net mear. Alteast dat fynt se sels. Se is trettjin, stekt oardel kop boppe my út en is nei in koartôf ‘Doei!’ noch foar’t ik goed en wol de doar út bin alwer folslein yn beslach naam troch  har freondinnen yn de tillefoan.  Dat myn nuver gefoel hat grif mear te krijen mei mysels as mei har.
En sa is it ek fansels. Ik ha dizze wike foar it earst yn myn libben in wike frij pland hielendal foar mysels. Ik wurkje nammentlik te folle. En dêr moat ik wat oan dwaan, want oars komt it net goed. Ik bin wurch, knap net op nei in grypke dat net iens Koroana wie, ik meitsje flaters en ik ferjit dingen. Betiden gûl ik samar. Ik moat bytanke. In oplossing fine. En ik wol witte hoe’t it no komt dat ik mysels, wier net foar it earst, wer yn de lúkse posysje manoevrearre ha fan twa trijekwartbanen yn ien wike. Dat de kommende dagen bin ik myn eigen stúdzje-objekt.
En úteinlik is dat ek wer typysk my. Yn stee fan in wike fakânsje te fieren meitsje ik ek hjir wurk fan. De earste dagen is it tige dreech om net hieltyd yn de wurkmail en -app te sjen, op elk pypke of beltsje te reagearjen,  net noch eefkes in berjochtsje te dwaan oan de kollega’s. De kop stiet my gjin minút stil. In pear pûn iel kronkelet my konstant yn de mage. Wat kostet it my as ik ien fan beide banen fleane lit? Hoe slim soe ik it fine as ik myn doktersregistraasje ferrinne lit? Hoe komt it mei pensjoen, belesting? Ik wol net leune op de ynkomsten fan myn man. De bern moatte noch leare en noch tûzenen oare tinzen. De fraach wat ik no eins it leafste wol, hoe’t it ideaalplaatsje der foar my útsjocht, doar ik mysels net iens te stellen.
En sa falle my mear saken op: ik drink folle mear kofje as oars, oant duzelich wurden ta. Ik nim my foar sûn te iten – ik meitsje in griene smoothy en in healoere letter stean ik mei de hân yn in pûde sjips. Ik wol alle dagen in moaie kuier meitsje, de omjouwing yn my opnimme, mar ik meitsje der in wedstriid fan: hoefolle stappen steane der al op de stappeteller? As ik begjinne wol oan de steapel boeken op myn nachtkastke, moat der earst spinreage wurde of moat it fruit fan de tún noadich ferwurke wurde ta sjem. Yn stee fan hurddrave, himmelje ik de badkeamer. Sjoch ik dochs dy pear kliïnten fan de eigen praktyk dy’t it dreger ha as iksels. En jûns wol ik my net oerjaan oan de nacht. Ik stoart my yn in Netflixsearje dy’t my oars neat bringt as twaddehânske emoasjes. Ik drink my úteinlik slûch – wat samar klear is, want nei ien glês wyn stean ik op de kop. Moarns wurd ik mei de skrik yn de lea wekker fan de wekker en nim ik my foar om it hjoed allegearre oars te dwaan. Hoe yn ’e frede ha minsken dy’t permanint allinnich wenje dit?
It is ien grut stjoerleas sirkus om mysels út de wei te gean. Itselde sirkus oars as yn gewoane wiken, mar dan yn de útfiering justjes oars. Ik fermanje my wylst ik op in boskpaad rin yn in hoeke fan de provinsje dêr’t ik oars nea kom.  Myn stappen klinke hast hol op de drûge grûn. Okee, as ik wol dat dizze wike sin hân hat, dan moat ik wat dwaan. Of eins: ik moat it flechtsjen litte. Ik slok en stel my dan dochs noch mar de dreechste fraach. WAT WOL IK? Ik gryp alle ferlechjes en sydspoaren yn it nekfel en rjochtsje my op dizze kearn. Wat wol ik? De holle hat it antwurd net: ien grutte tizeboel. Ik sykhelje djip, lis in hân op myn búk, de iel jout him del. Eins wit ik it wol fansels. Ik wol rêst. Lykwicht. De dei begjinne mei meditearjen en kuierjen. Dan in pear oerkes prate mei minsken. Harren de fragen stelle dy’t harren fierder op harren eigen paad helpe. Minsken dy’t sels ek wat wolle. My net sjogge as in automaat dêr’t, as jo op de goede knopkes drukke, pillen útrôlje om harren te ferdôvjen. Ik wol tiid om my goed ta te rieden. Te ferdjipjen yn de fragen dy’t ik sels oerhâld oan in goed petear. Net dalik troch moatte nei de folgjende pasjint/kliïnt of de tiidsferantwurding. Ik wol nei it wurk noch in oerke yn de tún wurkje. It iten foar de húshâlding siedzje, fersoargje of  rispje.
Wat is dêr no sa dreech oan? Dat moat dochs gewoan kinne? De ynstânsjes dêr’t ik wat mei út te sykjen ha yn de praktyske útfiering, wit ik wier wol te finen. Ik rin troch en ik bin wer benaud fertelt myn lea my. As ik dwaan soe wat ik wier wol, mysels ien minsklike baan gunne, wat is der dan sa ferhipte grizelich oan? Dat soe in ein nofliker wurkje, mear tiid en sin opsmite. Mar it giet fansels net om wat der wol is. It giet om wat der net is. Kollega’s, pensjoen, doktertitel, wat ik my foarstel wat der bart as it mislearret en ik myn bern en bettere helte ta lêst wêze soe. Ik sykhelje nochris djip en fiel it swart gapjend gat yn myn siele. Of miskien is it gewoan in gat yn myn lea. It is in skerp-dôf skuorrende pine yn it boarst, in gefoel as wringe se myn yngewanten út as in spûns. De eangst giet oer kwytreitsjen. Alles. It giet oer it folslein ûntbrekken fan fêste grûn. Neat waarms om jo oan fêst te hâlden. My in stofke te fielen , totally lost in space.
Beropsmjittich wit ik fansels wêr’t dit oer giet. En dat it net foar my leit mar achter my. We binne it benaudst foar wat we al lang meimakke ha. En ik wit ek wier wol dat ik al hiel lang gjin jong kwetsber bistke mear bin, dat yn it iepen fjild oerlevere is oan de wylde liuwen. Lykwols wie myn stjoer folslein oernommen, ik wie de hiele dei op ’e rin om te foarkommen dat ik yn it einleaze kninehoal fal.
It draven is opholden. Ik stean hielendal stil. De tillefoan noch yn de hân. Ik fiel my ferlamme, swier, folslein ferlern, berferzen yn it ivich fallen.
Mar ik bin yn de bosk. Der ferweecht wat yn de strûken in ein fierderop. Twa bisten stappe goed fyftich meter fierderop it paad op. Te grut foar reeën. Beide in gewei. De iene hat in hinkepoat. De oare wachtet op him. Snuffelet him oan de facht, jout him in triuwke mei de noas. Stadichoan krijt de wrâld wer kleur werom. De sinne skynt troch it tinner wurdend blêd fan de bûken lâns it paad. Ik sykhelje. De bisten komme rêstich myn kant op. Myn hert bûnzet en myn boarst follet him mei ljocht en waarmte. Tritich meter, tweintich, tsien, sa tichtby! Ik bin hjir, mei harren, begjint myn holle te tinken nei in pear tellen folsleine stilte en allinnich mar sjen, fiele, wêze. Op it stuit dat ik betink dat ik ek wolris in foto meitsje kinne soe, stiet it foarste hart ynienen stil. Ik sjoch de skrik yn syn eagen: Ik fal foar him net langer gear mei de omjouwing. Ik ha my der blykber wer los fan tocht. De langskonkige bisten keare en witte net hoe gau’t se de strûken oare kant paad yndûke moatte.
Skande.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *