Teleks: De Utmolken Toer Dichtersjûn op 24 oktober wurdt livestreamd

logo.ensafh

De Utmolken Toer
Dichtersjûn op 24 oktober wurdt livestreamd

De lêste jûn fan De Utmolken Toer, de toernee fan dichters Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, op 24 oktober om 19:30 oere yn De Bres te Ljouwert wurdt livestreamd.

Mei’t koroana it grutte publyk tsjinhâldt, hawwe de dichters besletten om harren dichtersjûn nei de minsken ta te bringen. De livestream wurdt fersoarge troch kreatyf reklameburo Hatogkrøller en is te folgjen op it YouTube-kanaal fan Frysk literêr tydskrift Ensafh. Fierders op de Facebook-akkounts fan Ensafh en Dichterskollektyf RIXT.

Njonken de optredens fan Kuiper en Tigchelaar sille Ljouwerter dichters Cornelis van der Wal en Syds Wiersma foardrage. Muzyk is der fan Kuiper syn band Tigers fan Greonterp. De hiele jûn wurdt oaninoar praten troch skriuwer, redakteur en útjouwer Piter Boersma.

Elmar Kuiper (1969) skriuwt poëzy, koarte ferhalen en toaniel. Yn 2004 is er debutearre mei Hertbyt. Wite Molke, Swarte Mûle is syn njoggende bondel. Syn poëzy waard nominearre foar ferskillende literêre prizen en oerset yn ferskate talen.

Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek yn 2017 de D.A. Tammingapriis wûn. Yn Ommers steane proazagedichten. Foarpublikaasjes dêrfan binne op it Instagram-akkount @om.mers kommen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *