Lomme Schokker

Relytivisme

logo.ensafh

‘Do wurdst hieltyd negativer,’ sei de frou in skoft lyn tsjin my. Dêr sit ik wakker mei, want hoe kin soks? No’t har oanmerking in setsje tusken ús yn leit te protteljen, liket it wol oft elkenien tsjintwurdich tryster, tsjusterder en negativer is. Utsein myn frou dan. By it minste sjoch ik guon daliks al klear stean om oaren it mannewaar op te sizzen of mei feninichheid goedbedoelenden de grûn yn te jeien. En dan sit ik sels noch net iens op sosjale netwurken as Facebook, Twitter, TikTok of Secondlife. Ik ha inkeld myn Ensafh en dat is my mear as genôch.

Nim no dy Elckerlyc fan lêstlyn, nei de bekendmakking yn july dit jier fan de Rely útslach. Earst hiene Riemersma yn Fers2 en letter De Haan op Ensafh harren útlitten oer ûnder mear de mar trije winners út de 88 ynstjoeringen. Sa’t Smink earder sein hat, soks is net neffens de geast en it ‘relytivisme’ fan Jorritsma sels. Dy anonime Elckerlyc hie dêr sa in eigen miening oer, mar joech ek in frjemde draai oan syn of har – narjende – opmerkingen: ‘allinnich (dizze) reaksjes al … hawwe de Rely dit jier ta in grut sukses makke’. It giet Elckerlyc blykber benammen om opskuor en rebûlje en dat liket my in minne manier om argewaasje oer de Fryske literêre wrâld gerak te jaan.

Dy orizjinele Elckerlyc, hoe sit it dêr ek al wer mei? Tsjintwurdich leit mei it ynternet de kennis thús op de bank foar de greep en sa lês ik dat it yn dit teäterstik giet oer hoe’t elkenien op ’e ein rekkenskip en ferantwurding ôflizze moatte sil fan wat er yn it ierdsk bestean dien en sein hat. Mei oare wurden, dy Elckerlyc op Ensafh, wa’t dat dan ek mar wêze mei, sil úteinlik blinders goed foar ’t ferstân krije dat úteinlik mei obskuere anonimiteit der net foar wei te draaien falt.

Ik wreidzje út. Mei te folle lege oeren om hannen en in tastân dy’t net nei skriuwen stiet moat ik dizze dagen fan hieltyd minder oardel meters ôfstân myn eigen negativisme earlik ûnder eagen sjen. Joan Ruth Bader Ginsburg, de koartlyn stoarne Amerikaanske opperrjochter, hie in advys foar in lokkich houlik dat ik miskien ek yn dizze kontekst brûke kin: bytiden moatst in bytsje blyn en in tikje dôf wêze.’Tune out! Reacting in anger or annoyance will not advance your ability to persuade.’ Ik mei de wrâld dan fakentiids tsjuster yn sjen, mei in dripke drûge distânsje en kalme, stille nuânse moatte myn útsichten op it libben rûnom op te fleurjen wêze.

Elckerlyc sil elkenien wêze. Faaks is it foar de measten fan ús makliker om narjende en negative opmerkingen te meitsjen as om allegeduerigen earlike kompliminten te jaan en flink wat tomkes op te stekken. No, dan moat ik it mar wer wêze dy’t begjint de wrâld te ferbetterjen. Fan moarn ôf oan sil ik op bêd al myn frou komplimintsjes jaan en de rest fan de dei oant nei Sint-Jutmis sil ik oan elkenien dy’t it fertsjinnet myn oprjochte opstekkers royaal mar mei ferstân yn it rûn struie.

Myn hertlike lokwinsken foar de winners fan in Rely Jorritsmapriis 2020: Sjoerd Bottema, Elmar Kuiper en Syds Wiersma. Fan rjochten the one and only!

1 reaksje op “Relytivisme

  1. ,,Faaks is it foar de measten fan ús makliker om narjende en negative opmerkingen te meitsjen as om allegeduerigen earlike kompliminten te jaan en flink wat tomkes op te stekken”, skriuwt Lomme yn syn fierder besteklike (komplimint) stikje. Mar hat er dêr gelyk yn? (fraach). Is it net sa dat it folle makliker is om in tomke op te stekken as om nei te tinken hoe’t eat better kin/moat? Ien blik op Facebook leart dat dat sa is. Krityk leverje mei arguminten blykt in stik dreger as in like-knop yndrukke. Dit stikje is dus krityk. Mar ek in tomke hear. Foar it oan de oarder stellen fan it fraachstik. It antwurd moat lykwols in hiele slach oars. Foarútgong wurket mei ‘trial and error’. Net per se mei tomkes, aaikes en koekjes by de tee.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *