Henk Nijp

Kontrôle

logo.ensafh

It wie noch aardich tsjuster doe’t ik yn ‘e auto it hiem ôfried. Ik hie in ôfspraak yn it sikehûs dy’t foarich jier al fêstlein wie. Neat slims, in kontrôle dy’t foar de wissichheid elk jier weromkomt. Ik hie der doedestiids net by stilstien dat ik takom jier de earste ‘pasjint’ wêze soe.
Der wie kwealik ferkear op ‘e dyk, miskien om’t it noch sa betiid wie, mar faaks ek wol om’t wy mei-inoar krekt de deis tefoaren op ‘e nij yn ‘e lockdown treaun wiene. No wat minder yntelligint as fan ‘t maitiid, want dêrmei hiene wy doe it firus net plat genôch krigen. Wurknimmers moasten op oanstean fan Rutte & Red no echt wer thús oan ‘e slach.
Trije dagen earder hie ik op ditselde part fan ‘e rûte mear as de helte fan ‘e tiid efter in grouwe trekker mei kypwein oanhobbele mei gjin romte om der omhinne. Dat materieel wurdt ek hieltyd mânsker. Ik hie net de yndruk dat de sjauffeur in protte yn ‘e spegels seach, hy fielde him nei alle gedachten king of the road, dat ik hie my mar te skikken. Mar no koe ik aardich trochtuffe. Ik wie dan ek rom op tiid en op it parkearplak hie ik it mar foar it útsykjen nei’t ik in kaartsje út ‘e automaat krigen hie, plak by de rûs.
By de yngong fan it sikehûs hongen allegearre plakkaten mei oardelmeter-warskôgingen en oanwizingen hoe wiis om te gean mei it koroanafirus. En fansels de ûnûntkombere hânpompkes mei ûntsmettersguod. Ik prutste it hjir wol ferplichte mûlekapke ûnwennich foar noas en mûle en seach fuort de helte minder troch de besleine bril. Ien kear troch de draaidoar kaam ik yn in soarte labyrint telâne dat my yn ‘e fierte tinken die oan it plein by de yngong fan it Louvre yn Paris. De besikers kinne dêr op lytse buordsjes sjen hoefolle oeren as se noch tusken de linten yn ‘e rigele wachtsje moatte foar’t se Nikè fan Samotrace of Mona Lisa te sjen krije. Hjir wie it lykwols sa drok net; ik wie de iennichste. Nei de twadde bocht kaam ik by in troch, ik tink de technyske tsjinst fan it sikehûs, yninoar nifele toanbank telâne. Twa meiwurkers efter grutte plestik spatskerms ûnderfregen my wat ferfeeld oer myn sûnens. Troch de mûlekapkes koene wy elkoar net sa bêst ferstean mar se leauden my blykber op myn blauwe eagen; ik wie net pasjint genôch en mocht troch. Ik moast de opplakte flierpylken mar folgje en goed rjochts hâlde, dan soe it mei de besmettingen wol tafalle.
Ynienen, op it ein fan ‘e gong holden de pylken op, sa fan: ‘Jo rêde it no fierder sels wol?’ Dat kaam yndie wol goed en ik hie der wol faker west.
Op de ôfdieling dêr’t ik wêze moast siet in wakker útsliepte meiwurker efter in trochsichtich spatskerm, se hie fuort troch wa’t ik wie en wêr’t ik foar kaam. Ik koe fierderop yn ‘e wachtkeamer sitten gean, ik waard wol oproppen. Ik wie benei tsien minuten te gau, dat ik hie it moai oan tiid en lês de farske krante dy’t ik fan ‘e moarn noch hurd-hurd yn ‘e jasbûse teard hie. Op de foarside wie it fansels wer allegearre koroananijs, -sifers en infographics mei kurven dy’t fan bûgen frjemd wiene. Doe’t ik de bledside omslaan woe, soe ik de tomme en wiisfinger even wiet meitsje om wat mear gryp (Rutte soe sizze: krip) te krijen op it krantepapier. Mar dat waard him net, dat ferhipte mûlekapke siet der tusken.
Op itselde momint waard myn namme roppen; ik koe wol fierder komme.
Wy koene it aardich gau iens wurde, de dokter en ik. Takom jier mar wer even delkomme, ik koe fuort wol in ôfspraak meitsje by de baly. Ik ha dochs mar in oerke letter ôfpraat. Doe’t ik wer thús wie, ha ik de krante noflik fierder lêzen. Sûnder mûlekapke.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *