Anne Feddema

Komplottinkers tink derom

logo.ensafh

Juster rûn ik nei ‘Say Cheese’ hahaha, op ‘e Tynjedyk yn Ljouwert, de tsiis is dêr in stik goedkeaper as earne oars. In kilo âld of jong belegen ensfh. is € 5,90. Dat is wier…leau jimme kollumnist no mar.
Ik haw der ek gjin belang by om wat oars te fertellen…it Say-Fake-Cheese-Nijs is my alhiel frjemd. Hawar…it reinde as de see en ik tocht krekt fan sil ik mar wer op hûs oan? Dan wurdt de ekstra belegen mar âld, in foarm fan tsiispromoasje, sille we mar sizze.
By in studintekompleks, it moat net te ienfâldich fansels, hong post út ‘e brievebus, jimme witte wol hoe en wat. Ik lies, op ‘e kop, GEZOND VERSTAND…ik rûn in pear meter troch en hâlde doe hookstrooks ho. Wêr hie ik dat koartlyn sjoen?
Sûn ferstân, dat is nea wei, mar dan ek nochris brûke…dat is hielendal moai no?
Ik haw oars, mei ik graach tinke, ferstân foar twa…watte?…foar trije, fjouwer…it liket hast wol in komplot.
Ik pakte it wiete krantsje út ‘e bus wei en liet dêrby de helte fan ‘e oare wierheid hingje. De wierheid hat in treurich, trystich foarkommen. Hielendal as it reint en yn oktober. Gjin tiidrek foar neppanijs en aesopyske, filosofyske skôgings fan it deistich bestean. Ik gong alsa wer op hûs oan, koe ik moai in stikje skriuwe oer it sûn ferstân fan in oare minderheid…doelgroep foarearst ien miljoen, dat is alteast de oplaach fan ‘Gezond Verstand’.
It krantsje dat ik haw, is it earste, it twadde moat der yntusken wêze (sûn ferstân nûmer 2 ferskynt 24 oktober). Ik woe it oer fan alles hawwe en dat kin altiten noch fansels, mar by it earste dat ik lies sette de krant harsels al daalks bûten spul en hoegde it foar my net mear. Jo moatte abonnee wurde om ynhâldlike reaksjes jaan en lêze te kinnen. In besletten  platfoarm alsa. Heden it gewoane firus, net yn kontakt komme mei de sykte fan in oar, wy hawwe ús eigen faksin(aasje)…grapke heart derby mar net by ‘Gezond Verstand’ fansels.
Ik hoopje dat meikoarten ek dit twadde nûmer út in brievebus bongelet, dan konfiskearje ik it gau, want ik moat al witte hoe’t it der yn ‘e wrâld hinne leit.
Mei kreten as ‘Covid-19 is GJIN killerfirus…Binnen is amper besmettingsgefaar…en dan professor dy en dy’…ja hallo. Ik sil koart en dúdlik wêze…Komplotten besteane, se binne in gearspanning fan it libben sels. In kloft minsken by elkoar is jimmeroan in komplot. Wierheid en leugen, foardiel én neidiel, allegearre te finen op in pear kante meter. Is dit dan wier?…is dit nei te gean? Ik siet ris te praten mei in freon…ik sei wat en hy reagearre…Asto wat seist witst dochs nea oft it wier is. Ik andere: ‘Da’s wier.’ Helpt dat?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *