Teleks: Karen Bies oer nije seizoen ‘Boekekast’

logo.ensafh

De moaiste Fryske ferhalen yn de donkerste dagen fan it jier, de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân kriget in ferfolch. Fryske skriuwers skreaune spesjaal foar dit twadde seizoen in ferhaal. Neist it ferhaal is yn de podcast ek in ynterview mei de skriuwer te hearren. Presintatrise Karen Bies mocht de skriuwers ûnderfreegje en fertelt no ús har ûnderfiningen.

Wat is it ferskil mei de earste rige Boekekast?

“Yn seizoen 1 wie it in seleksje fan boekfragminten en koarte ferhalen út de besteande literatuer. Dit seizoen ha wy acht Fryske skriuwers frege om spesjaal foar dizze podcast in ferhaal te skriuwen. Nije, ûnbekende ferhalen dus! In oar ferskil is dat ik mei de skriuwers ek in ynterview hâld. De skriuwers dy’t meidogge binne Hilda Talsma, Ferdinand de Jong, Piter Boersma, Geart Tigchelaar, Jetske Bilker, Jaap Krol, Lida Dykstra en Thys Wadman.”

Lês fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *