Giny Bastiaans

Moai rêstich..

logo.ensafh

Ik moast by de stienhouwerij wêze om no einlings in beslút te nimmen. Oer in stien, in tekst, in plak.
De útfeart hie al fiif jier ferlyn plakfûn, mar de urn mei myn leave deryn stie noch altyd thús. Dat koe om my wol sa bliuwe, mar dat hie hy net wollen. Hy wie foar dien wurk meitsje. Besluten nimme.
En ja, oait soe ik dy kant dochs ek útgean. En watfoar kant, dêr woe ik sels eins wat oer te sizzen ha.

Yn de hal fan de stienhouwerij die ik fuortdaliks in stap werom yn de tiid. Mar dêr wie ik oan wend, die ik dat alle dagen net, noch hieltyd, in kear as wat?
Ik stapte de tiidleaze serene stilte yn fan it plak dêr’t je foargoed ôfskie nimme moatte. Dêr’t je eins alles by elkoar raze wolle, mar de mûle hâlde om’t it dan krekt wat better te fernearen is. Ek foar de oaren.
Gjin ferkeaper of ferkeapster dy’t op my tastowen kaam mei de fraach: ‘Wêr kin ik mefrou mei helpe?’ of soksawat. Dat ik dan altyd tink: O ja, wat moat ik hjir ek al wer?
Nee, in frou dy’t hielendal Zen like, hjitte my wolkom en brocht my wêr’t ik wêze moast.
Begelaat troch tapaslike muzyk rûn ik in begraafplak op. In tsjerkhôf yn in hal. Rûnom stiennen, ek wol nammen, mar gjin dierbere deaden. Ik waard der suver kjel fan.
Ik hie ek noait witten dat der sa’n soad ferskillende grêfstiennen wiene, yn stien, hout en glês.

Yn myn stomme betizing rûn ik tsjin in frou op dy’t by in meunsterlik grut stik hout stie.
‘O sorry,’ skrok ik, ‘Oardel meter, hin. Ik seach eefkes net út.’
‘O,’ bêde de frou my del, ‘ik lis net sa gau om, hear.’
Se wiisde nei de houtkolos. ‘Wat fine jó hjir fan? Ik fyn it eins wol moai.’
‘Tsja,’ twifele ik, ’Ik wit net wat jo man hjirfan fine soe? Hie hy wat mei hout of sa?’
‘No nee, hy is al tsien jier ferlyn ferstruid op see. Dit is foar mysels.’
‘O sorry,’ skrok ik, ‘binne jo slim siik?’
‘Wolnee juh, gelokkich net, mar witte jo, ik hie dy reklame op ’e radio heard. En doe tocht ik, ik wol der no ek efter oan en regelje myn lêste restplak.’

Watfoar reklame, woe ik eins witte.

‘No toe, dy reklame fan in rêstich plakje yn de natuer. Sa’n natuerbegraafplak.’
O dat? Ja, dy ha ik ek in pear kear foarbykommen heard. Ik hie dat ek noch yn my omgean litten. Inkeld de reklame al waard ik rêstich fan.
‘Ik ha der hinne west te sjen,’ sei se, ‘Ja werklik wier, in prachtige omjouwing. Kin ’t net oars sizze.’
Se skodde mei de holle.
‘Mar?’ frege ik.
‘Mar, ús heit soe sizze: Ik wol dêr dea net lizze. Ja, dan hied er it net oer in natuerbegraafplak fansels, mar oer Makkum. Dêr is syn suster hinne gien, doe’t se troude. No ja, dat wie syn miening as Boalserter fansels. Stedsarrogânsje. Mar dêr giet it hjir no net om.’

‘No ja,’ sei ik, ‘dy natuerbegraafplakken binne oars wol moai en rêstich. Ik kin my wol yntinke dat minsken sa’n plak útkieze.’
‘Ja, ik wit it,’ sei se, ‘Ik ha der fan ’t simmer in hiele middei omrûn. Moai moai moai. Ik ha in noflik plakje útsocht. Bin der lizzen gien. En ja wis, hearlik plak om te lizzen. At je libje. Om dêr ris in kear te frijen at je jong binne. Mar om dêr no dea te lizzen?
En dan litte se yn de reklame ek noch it sjongen fan fûgels hearre. Eh juh, dy hearst ommers net ast dea bist. Do leist yn stilte. Oant yn ’e ivichheid amen.
En noch wat oars? Wa yn dat bosk ken dy dêr no? Net in harsens. Gjinien seit, ach goaien, dêr leit Hiltsje fan Jochem, dy siel. Goed minske. Wy misse har. Of sa. Of soks.’

‘Dus dat wurdt him net?’

‘Eh nee, en wat moatte de bern en beppesizzers dêr no?
Se sille sizze: Wat docht beppe hjir yn it bosk. Beppe hold fan de romte. De loft, de tún, de wolkens. No ja, je moatte ek noch mar ôfwachtsje at se oait wolris by myn grêf komme te sjen. Net elkenien hat wat mei begraafplakken. Mar dat is oan harren. Moatte sy witte. Fyn ’k net slim. Myn man hie der ek neat mei.
Eh juh, ik wol gewoan tusken myn eigen folk lizze. Der sil altyd wolris ien wêze dy’t seit: Och heden wat is Hiltsje har stien smoarch. Dat soe se net wolle, dat himmele wyfke. Hup, eefkes in doek der oer.
Witte je wol?’
‘Dus jo binne jo eigen grêf oan it regeljen?’
‘Jawis. At je in moai plakje regelje kinne op sa’n natuerbegraafplak, dan kinst ek alfêst in kreaze stien foar dysels meitsje litte. Ha de bern der gjin drokte mei. En gjin kosten. En komt der gjin flauwe kul op te stean. “Onze geliefde moeder en oma” of sa. Dat seist dochs net? Geliefd?
Nee, der komt op te stean:

“Hjir leit Hiltsje.
Se hat dien wat se koe. En somtiden krekt wat mear.
Ik hoopje dat jim dat ek dogge.”

Ik wie der stil fan.
En wist ynienen hoe’t ik it dwaan soe.
In pear moanne letter rûn ik mei de urn yn de rêchpûde de pear kilometer nei it hôf. Der mochten troch de koroana mar trije minsken by. Sa ha wy myn leave nei syn lêste rêstplak brocht. Rûnom minsken dy’t de hân opstutsen. Goeie seinen. Om ús hinne de bekende lûden fan it eigen doarp. It libben wie trochgien, dat die it no en dat sil it letter ek dwaan.
Ik ha him mei foarsichtige hannen yn syn lêste rêstplak set. Wat oantinkens derby. Ûnderwilens ha ik de romte goed besjoen, dat koe no noch. Der koene wol twa yn.
It sintsje skynde, de fûgels songen en guozzen fleagen oer.
It wie goed sa.

 

7 reaksjes op “Moai rêstich..

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *