Lomme Schokker

De skriuwer, it boek en de lêzer

logo.ensafh

Uteinlik tiisdeis nei fjouweren kin ik Passys fan Josse de Haan by Boekhannel Grimbergen yn Lisse ophelje. Wer thús blêdzje ik it boek earst ris troch om te priuwen wat my te wachtsjen stiet. Op de alderlêste side sjoch ik in rigele nammen fan skriuwers dêr’t Josse blykber ien of oar fragmint fan yn syn boek opnommen hat. Annie Ernaux sit der ek tusken, in skriuwster dy’t ik aardich heech ha. Trije dagen derfoar ha ik yn De Volkskrant noch in fiifstjerren resinsje lêzen fan har magnum opus De jierren. Tafal bestiet net, sizze se.

Foarearst beslút ik Josse syn boek oandachtiger troch te blêdzjen, om te sjen oft ik dat spesifyk fragmint fan Ernaux sa op it each trasearje kin. Dat slagget my net, mar ik krij skrollendewei wol in earste yndruk fan de opset fan it boek. It falt my ôf, earlik sein roppe syn skynber driuwende egoperspektiven al yrritaasjes by my wekker noch foar’t ik it boek lêzen ha. Mar wachtsje, is it proses fan op it sear kommen fan de lêzer no krekt net ien fan Josse syn fameuze literêre kritearia? Nei it boekblêdzjen besykje ik syn filosofy fan wat literatuer wêze moat op ynternet werom te finen, mar dat kin ik sa ien-twa-trije net fine. Wat ik wol tsjinkom, wêr oars as op de site fan Ensafh, is it teleksberjocht dat Josse de Haan twa dagen earder stoarn is. Tafal bestiet net, sizze se, elts tafal hat in betsjutting.

Ik bin der suver wat raar fan, sit mei syn Passys yn ’e hannen in setsje foar my út te dikerjen. Ien kear ha ik Josse mei syn ymponearjend rûch burd troffen, – dat wol sizze skruten ‘hoi’ sein –, op in boekesutelsneon yn it begjin fan de santiger jierren. Net sa lang lyn – novimber 2018 – hie ik mei him in koarte emailútwikseling nei oanlieding fan myn fraach wêrom’t it ferhaal fan my neffens him in Rely-priis net wurdich wie. Syn antwurd wie strang en dúdlik, mar ek oprjocht en persoanlik. It moast rauwer, skreau er, realistysker en foaral ek wreder. Stille wetters stjonke, dêr kaam it op del. Hy nûge my fan herte út manuskripten op te stjoeren foar in yngeand foarbesprek. No’t ik der oer neitink, sûnt dy tiid ha ik amper wat fan betsjutting skreaun. Soks soe tafal wêze kinne.

Hoe sil ik Josse syn nijste magnum opus aansens lêze? Syn earste – Piksjitten op Snyp yn de Hollânske ferzje fan Kikkerjaren – ha ik krekt twa moanne lyn mei oare boeken dy’t ik never nea mear lêze sil yn seis bananedoazen nei de omrin brocht om rûmte te meitsjen foar nijer en nijsgjirriger wurk. Dêr falt Josse syn lêste boek sûnder mis fansels ek ûnder. Earst wie ik fan doel om Passys te lêzen mei Josse syn eigen kritearia as tapaslik referinsjeramt, mar op dit stuit wit ik it net, ik wit it net…

No’t er stoarn is, liket it my folle mear fan belang om te ûntdekken wat ik as minske en net sa sear as skriuwer fan syn lêste boek opstekke kin. It wêrom’t en it hoedatsa oft eat literatuer is: qui s’en soucie? Dizze post-De Cock dagen soe ik my rjochtsje wolle op de persoan fan Josse mei syn protte passys, om dwers tsjin karakterlogyske ferskillen yn. mooglike oerienkomsten in betsjutting te finen dy’t gjin tafal wêze kin. No it boek mar ris lêze.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *