Atom Yardjanian, Hovhannes Krikorian, Foppe Venema

Nijs fan it Armeenske front

logo.ensafh

Նորություններ հայկական առաջնագծից
Nijs fan it Armeenske front

Atom Yardjanian, Hovhannes Krikorian

Twa poëzijoersettings fan Foppe Venema út it Armeensk 

Wylst by ús yn Europa it nijs de ôfrûne tiid behearske waard troch oanslaggen, kroanfirus en Amerikaanske ferkiezingen, fochten Armenië en Azerbeidzjan yn ’e Kaukasus in oarloch út om ’e enklave Nagorno Karabach, troch Armeniërs Artsakh neamd. Dit foar goed 90% troch Armeniërs bewenne gebiet skonk Stalin yn 1921 oan Azerbeidzjan. As it om 1990 hinne mei de Sowjet-Uny berchôf giet, roppe de Armeniërs yn ’e enklave de ûnôfhinklike Republyk Artsakh út, wat útrint op in oarloch mei Azerbeidzjan. De oarloch dy’t 30.000 deaden kostet, wurdt yn 1994 wûn troch de Armeniërs.
Op 27 septimber 2020 begjint fannijs in oarloch om Artsakh, wat in ûngelikense striid ta gefolch hat: Azerbeidzjan kriget stipe fan Turkije, dat dronen en oar materieel leveret, en in hierleger dêr’t ek in soad âld-Syriëgongers yn meifjochtsje. De Republyk Artsakh kin allinnich rekkenje op help fan Armenië. Nettsjinsteande it feit dat Armenië en Ruslân militêr ferbûn binne, kiest Pûtin net echt partij. In mooglike ferklearring soe wêze kinne, dat er net folle ha moat fan de flewielen revolúsje yn 2018, as Armenië ûnder lieding fan Nikol Pachinian in demokratyske wei ynslacht. Minister-presidint Pachinian dy’t de hoop fan in generaasje jonge Armeniërs fertsjintwurdiget, tekenet nei 6 wike striid yn ’e nacht fan 9 op 10 novimber in akkoart, wêryn’t Armenië hast de hiele enklave ôfstiet oan Azerbeidzjan. Tryst binne de bylden it ôfrûne wykein fan Armeniërs, dy’t de wei fan ’e eksoade nimme en soms earst har wente yn ’e brân stekke.
Al gau komt dan it trauma fan 1915 om ’e hoeke sjen, doe’t de Armeniërs ek hûs en hurd ferlitte moasten by de genoside yn it Ottomaanske ryk dêr’t oardel miljoen Armeniërs by omkamen, in barren dat troch de Turkske regearing noch altiten ûntkend wurdt.
Mei ferline en aktualiteit yn ’e achterholle komme de lieten ‘La Bohème’ fan Charles Aznavour en ‘Protect the land’ fan System of a Down boppedriuwen, mar ek twa fersen. It earste is in fersfragmint fan Atom Yardjanian (1878-1915) oer in eardere massamoard yn it Ottomaanske ryk, oant de dichter yn 1915 sels oan bar wie. It twadde fers is fan Hovhannes Krikorian (1945), dy’t de hjoeddeiske steat Armenië ûnder oaren as in âld memke en as in bern beskriuwt.

Foppe Venema

 

Siamanto (Atom Yardjanian)

De dûns

De tweintich breiden sonken útput op ’e grûn.
‘Oerein!’ De neakene swurden flonkeren as slangen.
Doe helle ien in krúk petroalje.
Minsklike rjochtfeardigens, ik flybkje yn dyn antlit.
Fuortdaliks waarden de tweintich salve.
‘Dûnsje!’ raasde de kloft: ‘Dit is swieter as Arabysk parfum!’
Hja rakken de neakene frou oan mei in fakkel.
En der waard dûnse. Ferkoale lichems rôlen fan dûns nei dea.

Yn skoktastân raamde ik de lûken ticht
As foar ûnwaar, draaide my om nei dejinge
Dy’t der al net mear wie en frege: ‘Dy eagen fan my –
Hoe sil ik se útdolle, hoe sil ik, hoe?’

 

Սիամանթօ (Ատոմ Եարճանեան)

Պարը

Քսան հարսներն գեղադէմ, գետին ինկան պարտասած
«Ոտքի՛ ելէք», գոռացիներ, մերկ սուրերնին օձերու պես շարժելով,
Յետոյ մէկը սափորով մը քարիւղ բերաւ խուժանին
Ո՜վ մարդկային արդարություն, թո՛ղ ես թքնեմ քու ճակատիդ–
Քսան հարսներն շտապով այդ հեղուկով օծեցին
‘Պէ՛տք է պարէ՛կ, որոտաց, ահաւասի՛կ ձեզի բուրմունք մը,
որ Արաբիան իսկապես չունի…’
Յետոյ ջահով մը բռնկեցուցին մերկ մարմինները հարսները:

Եվ ածխացած դիակները պարում են մեջը դեպի մահը գլորեցան
Պատուհանի փեղկերը ՝ փոթորիկի մը պէս փակելով ՝
Իմ մենաւոր մեռեալիս մօտենալով հարցուցի.
Ինչպե՞ս փորել այս աչքերը, ինչպես փորել, ըսէ՛ ինձ…

 

*

 

Hovhannes Krikorian

Armenië

It is myn lân. Ik hâld derfan,
dat sadwaande nim ik it mei
oeral dêr’t ik myn wegen ha. It is o, sa lyts,
lit ik it mar earlik tajaan,
lykas in âld memke ferrinfele troch it libben
lykas in bern dat berne wurdt.
En op ’e kaart is it net grutter as in trien…
It is myn lân. Ik bin der sa wiis mei
dat, om it net hommels te ferliezen,
ik fan myn hert syn wente makke ha.

 

Հովհաննես Գրիգորյան

Հայաստան

Սա իմ երկիրն է- չափերով այնպիսին-
որ կարող եմ վերցնել հետս,
թե մի հեռու տեղ գնամ:
Փոքրիկ՝ ինչպես ծերացած մայր,
Փոքրիկ՝ ինչպես նորածին զավակ
իսկ քարտեզի վրա
ընդամենը արցունքի մի կաթիլ…
Սա իմ երկիրն է – չափերով այնպիսին,
որ ազատորեն տեղավորել եմ սրտիս մեջ,
որ չկորցնեմ հանկարծ…

 

2 reaksjes op “Nijs fan it Armeenske front

  1. …moaie fersen, armeensk is my frjemd mar yn’t frysk is it moaie poëzij…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *