Henk Nijp

Winkelplein

logo.ensafh

De man hie in kreas learen jek oan en in brune ‘newsboy-cap‘ op ‘e holle. In pensionado, mar noch net sa lang, skatte ik yn. Hy hie it mar dreech mei it winkelkarke, it iene foartsjil woe net rjocht, it trille en skodde en draaide net lyk op mei de oare trije tsjillen. It weintsje luts hieltiten de kant op fan de muorre, krekt dêr’t it net hinne moast.
Ik stie foar de winkel te wachtsjen, want ja, koroana, en dan mei der neffens de hjoeddeiske winkelregels mar ien fan de húshâlding de winkel yn. Sa hie ik moai even tiid om de boel hjir te observearjen. De man seach nitelich by de karre op en del, mar hie blykber net yn ‘e gaten wat krekt it euvel wie. Uteinlik krige er de wein dochs teplak, deun njonken in behindich, nijeftich scooterke. De man hie nochal wat ynslein en dat moast dus allegearre op dy scooter mei nei hûs. Under it seal wei kaam in grutte shopper foar it ljocht. Ien foar ien hevele de scooterman de boadskippen oer fan de karre yn de tas. Dy wie al gau fol, mar de wein wie noch lang net leech. In snijde bôle en in pak apelsop pasten moai yn de berchromte ûnder de buddyseat, mar doe koe der neat mear by. De foltroppe tas waard fêstmakke oan in soarte musketonheak dy’t út it frame wei klapt wurde koe. Ik hie net it idee dat er dit al earder by de ein hân hie, want it gong net al te handich, mar eintsjebeslút kaam it dochs foarinoar. De 20-kilopûde ierappels koe moai op de boaiem fan de ‘kûp’ en de tas oan de heak gong dêr wer boppe op. De winkelkarre wie lykwols noch net leech, ja, wat no… Hy klaude him even ûnder de pet en seach wat ôfwêzich om him hinne. Ik wit net wat er seach, mar grif net it hjerstige winkelplein mei de blêdebrot, de puozzen en de hastige klanten mei de mûlekapkes. Hy hie wat oars oan ‘e holle… Mei de winkelwein werom de winkel yn? Dat koe net bêst, hy hie al ôfrekkene. Guod werombringe dan? Dan kaam er thús en soe er nochris wer moatte. Hy naam in beslút en steapele de boadskippen dy’t noch yn de karre leine yn wankel lykwicht op it seal, fertroude derop dat der neat mei barre soe en rattele mei it ûnwillige weintsje werom nei de stalling fan de winkelkarren. Yn ‘e hal fan de supermerk krige er fan de ‘meiwurker-doarbelied-en-weintsjes’ in nije, ûntsmette karre en toffele werom de winkel yn. Dizze wein wurke aardich better mei en al frij gau wie er werom mei allinne mar in betelle plestik tas mei superlogo. It oerbleaune itensspul kaam dêr yn en ek dy nije tas moast oan ‘e heak op de ierappels. Nei wat skodzjen en skikken kaam dat ek yn oarder, in prei kipe der noch krekt boppeút. Mar it wie my wier in riedsel hoe’t er sa thúskomme moast; al it kochte guod hie no plak, mar foar himsels wie gjin romte mear, alteast net foar syn fuotten.
Hy hie it net yn ‘e holle en ryd nei hûs mar rûn, nei’t er de karre teplak brocht hie, nei in oare winkel oan it plein en liet syn scooter sûnder tafersjoch efter. Der moast blykber noch mear komme. Wy koene ek wer fierder, dat ik ha net sjoen hoe’t er úteinlik ôfsetten is. Wat se de jûns iten ha, gjin idee, mar it soe samar wat fan ‘Thuisbezorgd’ west ha kinne of eat fan pasta faaks, want doe’t wy de middeis wer by it winkelplein delkamen lei der yn ‘e bocht by de útgong in sompige bulte giel-brune dridze dat earne wol wat wei hie fan in ûnbidige poarsje ierappelpomp. Wy ieten sprútsjes, ek lekker.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *