Teleks: Grutte Gedichtejûn DIGITAAL op 5 febrewaris 2021

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer!

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze op freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere. De jûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.

Om dy reden roppe wy alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft de gedichten skreaun binne. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in oar syn of har gedicht foarlêze.

De filmkes moatte opstjoerd wurde foar 22 jannewaris. Alle filmkes sille ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde. Betingst is wol dat lûd en byld fan goede kwaliteit wêze moat, der net te lange ynliedings op ’e gedichten holden wurde en dat de opname net earder fertoand is. De redaksje hat it rjocht om te knippen yn it opstjoerde filmke.

Der sil lykas wenst tuskentroch ek muzyk wêze. Dat is ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens.

It oanbelangjende filmke kin nei ensafhpoezij@gmail.com  stjoerd wurde.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *