Anne Feddema

Kryst

logo.ensafh

Dit jier fielt foar my (30-11-20), suver al as foarby en dát gefoel sil, nei alle wierskynlikens, hiel wat fan myn lêzers, as dy hiel wat der binne fansels, in nustje is ek wolkom, bekend foarkomme.
Koroana spilet dêr in bysûnder grutte rôl yn, lit dat dúdlik wêze. De Krystsfear begûn foar my al op santjin augustus, de dei dat ik oankaam yn Galway, Ierlân, om mei te dwaan oan Óró. ( lês myn bydragen yn it Ensafh-argyf )
Óró, in ynternasjonaal teäterprojekt, bedoeld foar Galway, Kulturele Haadstêd fan Jeropa, mar dat fanwegen, Covid, ik ymprovisearje mar in bytsje op it beheinde tema, folslein yn it wetter foel, dat ek dêro, genôch te finen is.
It waar dy dei, in moandei, wie mar wat suterich, griis mei tichte stower.

Ik kaam yn in hiel kreas appartemint, dêr’t it húske nammers, nuvere kueren hie, komt my no wer yn ‘t sin. Ik koe net gewoan trochspiele, mar ik moast it swiere seramiken deksel, neam ik it mar efkes, optille. Dat klonk alle kearen as oft, fûn ik as assosjaasjemantsje, hja yn in Hammerhouse of Horrorfilm, in sabeare, net te tillen grêfstien ferskoden, op in buordkartonnen tsjerkhôf. As ik stie te pisjen hong Christopher Lee (Dracula) al yn myn nekke, mar ja wat moat in fampyr oars.
Hawar, ik rin wer ris fan it paad.
Ik siet yn isolaasje mar, mei mûlemasker op, rûn ik de jûns al yn’e Lidl fan Galway, hichtepunt fan myn Ierlânreis (fette Smiley…doch mar twa).
Dat it hoe dan ek allegearre trochgongen is, is hast in folslein wûnder te neamen.
Tritich septimber wie ik dan wer thús en doe wie dit jier alsa werklik foarby. Dat gefoel is by my bleaun, it is net oars en it is goed sa.
Dochs moat de moanne desimber noch komme en noch in kollum foar Ensafh. Ik tink dat ik myn wintersliepdreamen mar foar jimme optekenje sil, as ik se alteast ûnthâlde kin en oars dreamen optinke, haw ik ommers altiten al dien.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *