Teleks: Oprop lêsgroep boeken Trinus Riemersma

logo.ensafh

Ein jannewaris 2021 begjint der in online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma. Riemersma (1938-2011) is ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei 1945. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy’t foar grutte beroering yn de Frysk literêre wrâld soarge en tsjinstelde reaksjes opsmiet. Hy krige yn 1967 foar Fabryk de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.

Yn de lêsgroep beprate wy ienris yn de moanne in boek, te begjinnen mei Fabryk en it lêste boek is De acht foar achten trein.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by Sirkwy

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *