Lomme Schokker

Kadootsjestiid

logo.ensafh

Ferline wike yn de Afûkwinkel mei Sjappy fan Sipke de Schiffart yn ’e hannen hearde ik in frouljuslûd dy’t myn namme neamde. Blykber wie de frou net hielendal wis oer wa’t ik wie, it fraachteken yn har stim bleau tusken ús hingjen. ‘Jierren santich?’ sei se foarsichtich freegjend, ‘Leejestrjitte?’ Doe wist ik it wer. Yn ’e fjouwer moanne dat ik doetiids yn Ljouwert staazje rûn siet Anja fan de beukerkweek yn de moaie grutte foarkeamer, wylst ik yn ’e túnkeamer nêst it smelle keukentsje húsmanne. Dat tanksij Anja altyd skjin en kreas opromme wie, sels jûns let koe se noch goed lyk gean.

Nei’t wy beiden oer ús earste fernuvering hinne wiene, frege ik oft se myn Us Heit yn it Frysk har noch heuge koe. ‘Wis wol,’ sei se, ‘‘‘Hear yn ’e himel, goede heit, jins namme dy’t ús alles seit…” En óft ik it noch wit! Ik haw it letter ferskillende kearen yn myn lessen brûkt om’t it sa geweldich gewoan heart yn it Frysk.’ ‘Dan moat ik dy no ferklappe,’ sei ik, ‘dat ík it net wie dy’t doe dizze oersetting makke hat. Dy kaam streekrjocht oertypt út it samle wurk fan Fedde Schurer.’ Dat hie se net folle letter gau genôch yn ’e rekken krigen, sei se, en foege deroan ta dat se my myn studintikoas slim tekoart en swiere morele skuld lang lyn al ferjûn hie.
Se wie hjir yn ’e winkel om krekt as eardere jierren foar de hiele famylje boekespul te keapjen, en krekt as meastentiids foel it net ta om wat geskikts te finen foar har mem fan fier yn ’e tachtich.

Se seach wat ik yn ’e hannen hie. ‘Nee,’ sei se, ‘dêr kin ik by har perfoarst net mei oankomme.’ Te folle ferkearde seks. Ik sei dat foar har mem dan ek Josse de Haan syn Passys net sa gaadlik wêze soe. Dat tocht sy ek. It moast reedlik foechsum wêze en maklik lûdop foar te lêzen, sei se, mei it leafst in soad harmonieuze sinnen en in pakkend ferhaal. Ik wiisde har op de boeken fan myn broer, dy’t op deselde planke stiene as dy fan De Schiffart. Nee, sei se, ús mem wol neat mei Hearrenfeansters te meitsjen hawwe, nei’t in poehoanne yn de fyftiger jierren in stadich lykjende fêste ferkearing hommels ferbrutsen hie. De lêste fan Schoorstra dan, hjir op deselde planke? In echte psychologyske thriller, wist ik te fertellen, gloednij, deeglik en sa flot fan toan dat op alle siden de sinnen oer inoar hinne dûkelje. ‘Nee,’ sei se wer, ‘dat boek wol myn skoansuster oan ús mem jaan. Dy is ek fan Ternaard, no dan witst it wol.’

Ik besocht it mei Under Hildegards tsjoen fan Piter Boersma, mei Waling Dykstra, Folkskriuwer, mei It Parfum fan Obe-winner Jan Popkema, mei Quist fan Koos Tiemersma, mei Leafde yn Ljouwert, mei de bûntskildere werklikheid fan Trinus Riemersma en fansels ek mei De Raven fan Elske Schotanus (‘treflik skreaun en mei safolle prachtige Fryske wurden dat dyn mem der wis fan genietsje sil’), mar Anja wie no net direkt maklik te oertsjûgjen. Safolle kar oan nije fantastyske boeken yn ús eigen taal en dan net te witten wat it wêze sil? ‘De bibel dan, wolst de Fryske bibel dan net keapje foar dyn mem?’ ‘Dy ha ik har út en troch al foarlêzen,’ sei myn Anja fan de kristlike KLOS, ‘en der sil meikoarten in nije ferzy fan útkomme, ik leau ien mei in Sy yn stee fan in Hy. Krekt wat foar ús mem. Boppedat, dyn Us Heit yn plagiaat is folle poëtysker as de heit yn ’e himel fan Mattéus 6:9.’

Uteinlik stapten wy nei bûten ta, ik mei myn Sjappy yn in draachtas en Anja mei ûnder mear Durk van der Ploeg syn En it hie sa moai wêze kinnen. Op oardel meter ôfstân op in bankje yn de Prinsetún hawwe wy noch in skoft praten oer it libben fan ús beiden en oer skippen dy’t sa faak yn it tsjuster fan ’e nacht in mooglik mienskiplik keninkryk argeleas foarby farre.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *