Henk Nijp

Mail

logo.ensafh

Waarom zou je meer betalen? ropt it mailtsje oerémis huppeljend yn de mailboks. Der komme hjir de lêste tiid sa no en dan aparte berjochten del. Gjin idee hoe’t dat komt. It heucht my net dat ik my ea ynskreaun ha by de ferstjoerder. Hjoed wie der wer sa’n berjocht fan in webwinkel dy’t him ‘Actievandedag’ neamt. Ik ha dêr noch nea wat kocht en ha neffens my ek net op ien of oare link klikt, mar dat is soms samar klear fansels. Of faaks ha de buorlju tocht dat ik te folle efter de geraniums sit of fine se my wat iensum en ha se tocht sa wat ferdivedaasje foar my te regeljen. Dat moat ommers fan ús regear. Se hawwe myn e-mailadres wol, mar ik ha se der noch net nei frege, ik ha genôch om hannen.
Wat der by ‘Actievandedag’ wol net allegearre te keap is, it is ûnhuer… En alles is op syn minst de helte goedkeaper as de ‘gewoanweihinne’ priis. Ik neam sa mar wat foar de fûst wei: in ‘voucher’ (lês: bon) foar in juwelier mei in wearde fan €50 foar mar €35. Of twa moanne ûnbeheind tydskriften lêze (wol digitaal) foar mar €3,- it abonnemint. Of in spultsje foar op de tablet fan €25 foar €9,95. No kin ‘Actievandedag’ dêr fansels elk bedrach by sette, wy witte dochs net hoefolle oft de oarspronklike priis wie. Fierder binne der op syn minst fyftjin produkten te keap dy’t de titel ‘best of 2020’ meikrije. Alle fyftjin it bêste…? Fierder ha se wol 71 saken yn ‘e oanbieding dy’t falle yn de kategory ‘oerlibje de lockdown’. Dat giet fan in lisinsje foar Windows (10 pro) fia 96 rôlen húskepapier oant in sesje ‘Engelenkaartlegging’ oer de telefoan en alles dêrtuskenyn. Dat lêstneamde bûtenkânske belooft nije ynsichten. Nije ynsichten? Soe dêr in sûnt de firusútbraak spraakmeitsjende BN-er mei anneks wêze? Sa’n sesje kin samar trije kertier duorje; ik moat der net oan tinke!
Om de tichtplicht wat nei de eftergrûn te ferdriuwen wurde der ek tal fan nijsgjirrige onlinekursussen oanbean. Dat giet fan farbewiis, rydbewiis, fotografy, Microsoft, Russysk, Spaansk, Arabysk, Ingelsk, Sinees, wynpriuwe, en yoga oant in bieroplieding fan Bierista. Dy lêste is in djoerenien, dy kostet wol €99, wylst in taalkursus mar €12,95 docht. Ast alle tolve ûnderdielen fan Bierista mei sukses folge hast, meist dysels ‘master yn bier’ neame. Biermaster. Dan witst alles fan de yngrediïnten, it brouproses, de skiednis, bier kategoryen, regels en sûnens en neam mar op. Nimmen makket dy dan noch wat wiis oer bier! Der komt ek in proefpakket mei. As se dat dan mar net yn it begjin opstjoere… Neffens de opteine advertinsje ha al tûzenen minsken de oplieding folge. Mar ik wit it net; online alles oer bier te witten komme? By ús yn ‘e strjitte wenne eartiids Sybe. Hy wenne noch by syn âlde mem. Sybe wie sa goed as bôle en wist ek alles fan bier. Hy preau mei de eagen ticht hokker merk oft er foar him yn it glês hie. In inkelde kear gong er der jûns let wolris mei de mist yn. Hy hie der echt gjin kursus foar folge. Wol hied er sawat alle kroegen fan ‘e stêd fan binnen bestudearre en dêr krige hy altyd behoarlik toarst fan. Dat hat him uteraard folle mear koste as €99, mar it levere him wol in skat oan ûnderfining op. No’t de hoareka op slot gien is, sit de kroech der op it stuit even net yn. Ik ha trouwens gjin idee oft Sybe letter ek noch wat mei al dy kennis en kunde fan bier dien hat. Ik bin him folslein út it each ferlern. Syn mem wennet der ek al lang net mear.
Doe’t ik besocht my fia de opsislink ôf te melden foar dizze aksjemailtsjes koe de server de frege side net fine. It sil ek ris net sa wêze.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *