Anne Feddema

Kofje

logo.ensafh

Tsien jier lyn, desimber 2010, wie ik krekt werom út Berlyn. Ik wie in ryk man. Nee, dit is net it begjin fan myn langferwachte roman. Dit rymt oars al dit earste stik, mar it wurdt ek gjin fers. Goede lêzers, ik hie in flat regele. Ik hie it klearspile: ik soe myn dream foarmjaan kinne yn in wente yn Berlyn. Heal jannewaris 2011 koe ik deryn. (rymt alwer)
Ik wit noch goed dat ik der in wike ompankoeke mei in behoarlik pynlike poat.
In hiel ferfelende ûntstekking, krigen of better sein, ûntstien nei’t ik yn Barcelona, de berch Tibidabo, fia hûnderten trepkes beklommen hie. Boppe siet de duvel te wachtsjen om my de stêd sjen te litten, mar dat is wer in oar evangeelje.
Doe hie it nammers al moai waar west. Yn Berlyn wie it dik winter. Ik siet oan it Eastfront en socht nei nijs, lokkich wie de skonk der noch net ôf.
De dagen dat ik der wie, siet ik yn Wedding yn ’e Müllerstrasse, ik hie by ien in keamer hierd en brûkte it adres as út- en ynfalsbasis. Sûnt septimber dat jier hie ik kontakt mei de wenningboukorporaasje HOWOGE…en dêr moast ik alsa nei ta om in hiele soad papieren yn te foljen.
Mar Anne, sille guon lêzers no miskien freegje: wêrom yn ’e goedichheid hjit dyn kollum no Kofje?
Hiel ienfâldich…foar’t ik nei Berlyn gong dronk ik tee, doe’t ik werom kaam kofje. Berlyn und Kaffee sitte foar altiten oan elkoar fêst. Ja, ja, Feddema, mar no witte we noch hieltyd net WÊROM?…no goed dan.
Om’t ik gauris yn in Konditorei sitten gong en dan in lekker grou stik Torte of Kuchen bestelde…dat fûn ik dus net yn te nimmen mei Tee…krige ik maachsoer fan. Miskien hie dat te krijen mei de yngrediïnten fan it Dútske gebak, dat soe ik wiswier net witte.
As Koroana ferdwûn is, sil ik dy kanten wer ris op om it út te sykjen. Ik haw net wer yn Berlyn west sûnt ein juny 2012. As ferfanging foar wat ik net mear haw, drink ik dus kofje by ús…fansels mei wat lekkers derby…want dat is goed foar my…ik tocht, lit ik mar einigje sa’t ik begûn.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *