
Ferflokt jim donkere fergiften,
Wite sliep!
Dizze o sa singeliere tún
Fan skimerjende beammen
Fol slangen, nachtflinters,
Spinnen, flearmûzen.
…
Der drûpe reade kûgels út de tûken,
Troch lange sniefal stiloan swart en swier.
De paap bekrúst de deade op de bier.
Nachts tilt it op fan de bemomme spoeken.
…
De swalker
Altyd linet tsjin de heuvel de wite nacht,
Dêr’t yn sulvertoanen de peppel opriist,
Stjerren en stiennen binne.
…
Ferfal
By jûntiid, as de klokken frede liede,
Bemykje ik de wûnd’re fûgelkloften;
As fromme pylgerstoeten lâns de loften
Ferdwine sy yn hjerstich kleare widens.
…
doom & gloom … hearlik!