Teleks: Fjouwer nije Trakl-oersettingen fan Klaas van der Hoek

logo.ensafh

 

 

De sliep

Ferflokt jim donkere fergiften,
Wite sliep!
Dizze o sa singeliere tún
Fan skimerjende beammen
Fol slangen, nachtflinters,
Spinnen, flearmûzen.

Wintersang yn a-mineur

Der drûpe reade kûgels út de tûken,
Troch lange sniefal stiloan swart en swier.
De paap bekrúst de deade op de bier.
Nachts tilt it op fan de bemomme spoeken.

De swalker

Altyd linet tsjin de heuvel de wite nacht,
Dêr’t yn sulvertoanen de peppel opriist,
Stjerren en stiennen binne.

Ferfal

By jûntiid, as de klokken frede liede,
Bemykje ik de wûnd’re fûgelkloften;
As fromme pylgerstoeten lâns de loften
Ferdwine sy yn hjerstich kleare widens.

1 reaksje op “Teleks: Fjouwer nije Trakl-oersettingen fan Klaas van der Hoek

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *