Teleks: Yn-it-sin-bringer Grutte Gedichtejûn 2021

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer! Noch in wike de tiid!

Ut namme fan ‘e redaksje fan Ensafh winskje ik jo alderearst alle goeds ta foar 2021.

Dat sein hawwende soe ik jo graach de Grutte Gedichtejûn yn it sin bringe wolle. Dy jûn is ditkear digitaal, dat wy freegje jo om in filmke op te stjoeren.

Sjoch dêrfoar it ûndersteande berjocht of besjoch it filmke fia dizze keppeling: https://www.ensafh.nl/?p=60541

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze en giet freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere yn premjêre. De poëzyjûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.

Om dy reden ropt de redaksje alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it fers skreaun is. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in gedicht fan immen oars foarlêze.

De filmkes (leafst lizzend) moatte opstjoerd wurde foar 22 jannewaris 2021 (kin ek fia WeTransfer). Alle filmkes sille ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde. Betingst is wol dat lûd en byld fan goede kwaliteit wêze moat, der net in te lange ynlieding op it gedicht holden wurdt en dat de opname net earder fertoand is. De redaksje hat it rjocht om te knippen yn it opstjoerde filmke.

Der sil lykas wenst tuskentroch ek muzyk wêze. Dat is ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens.

It oanbelangjende filmke kin nei ensafhpoezij@gmail.com stjoerd wurde.

Mei freonlike groet,
út namme fan ‘e redaksje,

Geart Tigchelaar
mei-organisator Grutte Gedichtejûn

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *