Lomme Schokker

Wat it nije jier yn ’t fet hawwe moat

logo.ensafh

Sil ik dy wat fertelle? 2021 sil in bûtengewoan goed boekjier wêze! Jawis, dit wurdt in poerbêst jier foar de kloft skriuwers, dichters, ferskemakkers en mearkefertellers dy’t de minsken allegear wat eigensinnichs te sizzen hawwe. Wolst gewoanwei net leauwe hoefolle literêre projekten oft op it punt steane fan publikaasje en útjefte. De ien nei de oare komt mei bysûnder wurk op ’e proppen. Sa wit ik fan in frou dy’t fan har libben amper trije boeken lêzen hat, mar yn dizze lêste lockdown wol moai de gânse Potterrige en de hiele Jean M Auel-syklus oan ien tried troch opfretten hat om ynspiraasje te finen foar in dystopyske saga fan net earder meimakke omfang.

Kinst dy yntinke dat fan ’e weromstuit dit dus ek it jier fan de Fryske útjouwers wêze sil. Op foarspraak fan Piter Boersma dy’t mei stipe fan de FNP en de pommeranten fan City of Literature yn in flok en in sucht der yn slagje sil dat boekhannels, drogisterijen en supermerken mei ûnbestriden rjocht op retoer Fryske boeken ynkeapje sille. Hoe dreech kin soks no wêze? In bytsje politike wil boppe op flink wat tûk hannelsynstinkt en hartstikkene klear is Kees! Wat seist, alle boeken yn sellofaan ferpakke en se dan ferkeapje mei ûnder it omslach in tegoedbon fan minstens in tientsje foar noch in oar boek? No, dan silst ris sjen hoe rap oft de minsken wat fertrouds fan eigen hiem te lêzen ha wolle as se fan ’t simmer wer mei de sinne yn de bleate kont op de strannen fan de Baleären lizze.

Och, it wurdt wis in prachtjier, in machtich suksesfol jier foar dus ek de boekferkeapers, binnen én bûten de winkels! Sjoch se gean de sutelers, manmachtich yn keppels mei tsjok folle kroaden of op elektryske bakfytsen en do en ik twaresom foarop. Foar ús is suteljen dochs gjin leafdewurk âld papier, godskes nee, it is in kleareklinkende libbensfilosofy. It oan de man bringen fan ús skriuweraasjes is de einbestimming fan ús bestean, ús ferplicht foarum om mei ús lêzers hearlik persoanlik jier op jier wer op ’e nij yn ’e kunde te kommen.

Silst oars ek sjen, wik ik dy, dat dit jier yn aardich wat doarpen nije boekwinkeltsjes ferskine, op plakken dêr’t ferline jier miskien noch Fjetnameeske snackbars sieten of heal brune kroegen dêr’t it eartiids sa rikke. En dan silst hearre dat dêr yn ’t wykein tsientallen nije Slofstra’s, twadde Douwstra’s, ferjonge Wilkensens en pseudo Tigchelaars mei harren summa cum laude stúdzje Master Frysk as vloggende ynfluencers tekeargean tusken de boeken, mei selsskreaune flot bebekke balladen oer in mytysk ferline en in sirkulêre takomst.

Dit wurdt boppe-al it jier fan ús lêzers. Sil ik dy wat fertelle? Tinkst ek net, dat wy, do en ik, tiid meitsje moatte foar in útskroeven leafdesferklearring oan dy pear lêzers fan Fryske boeken dy’t noch net dwaande binne sels in boek út te jaan?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *