
op ’e tafel stean de restanten fan ferwyt
en petearen fol lege glêzen
gjalpje kristalhelder it ûnbegryp
wurden kinne rare kringels meitsje
do hearst wat ik net sis, boetsearrest
in wier ferhaal bûten my om
dyn swijen seurt noch wat
mar smyt dan myn namme
resolút út dyn suver bestean