Cornelis van der Wal

Provinsjalistysk gejeuzel

logo.ensafh

Okkerdeis sloech it literêr provinsjalisme wer ris ta, yn de foarm fan Koos Tiemersma.  It boerke Tiemersma skreau mar mâle dingen oer de Fryske Haadstêd. De man hat slim it mier oan Ljouwert, sa docht bliken. ‘Ljouwert, in plak ûntstien op trije modderbulten, lizzend oan in tichtslibbe see, mei as kroan op it haadstêdgefoel in út it lead hingjende toerelul.’ ‘Soms tink ik wolris dat de Liwwadders alles wêze wolle behalve Ljouwert.’ Nee, in soad nivo hat sok skriuwen net, jo hawwe gelyk. Soe dat ek sa mei Koos syn romans wêze? Ik haw der noch nea ien lêzen, it lokket my om ien as oare reden net oan. De beneaming ‘Liwwadders’ is nammers net yn oarder. It moat Leewarders wêze, útsprutsen mei in lûd dat tusken in lange en in koarte ‘e’ ynsit.’Liwwadders’ is in lokaal krantsje, mar wit Tiemersma folle…

It is in âlde Fryske wizânsje, it ôfjaan op ‘e ‘grutte’ stêd. De Fryske taal wurdt noch altyd mei it plattelân assosearre. As ik efkes yn myn boekekast sjoch dan tilt it al op fan agraryske titels: ‘Proza van het platteland’ fan Trinus Riemersma, ‘Fries Stamboek’, ferhalen, gearstald troch Alpita de Jong, en gean sa mar troch, krekt of skriuwt elke Fries oer kij, jarre en greide. En lês dit gedicht oer Ljouwert fan Baukje Wytsma ris, dat hjir om ‘e hoeke op strjitte leit as poëzijstien. Krekt as hat Ljouwert net in prachtige binnenstêd, mei tige smûke kafees en winkeltsjes en moaie âlde gebouwen. It is eins in grutte skande, dat dy stien hjir ea dellein is. De tekst is (aldergeloks) hast net mear te lêzen, dat ik sitearje it folsleine fers:

Ljouwert

Twa stille parken sûnder aventoer
gjin libben, gjin fibraasje. It is
wat boerebûnt. Ien skeane toer
en ien terras, in leane sûnder staasje.
Stêd dy’t gjin stêd is, wurkster fan
it Noarden, ûnhandich skûlplak
foar de snoaden. Dyn courtisane is
in bernlik byld. It hert slacht har
net waarm, net wyld.

Foto: Cornelis van der Wal

 

Ofsjoen fan de wat ûnhandige enjambeminten en it feit dat Ljouwert wol mear as twa parken hat, mar wit Wytsma folle, freegje jo jo ôf wat Ljouwert Baukje Wytsma misdien hat om sa negatyf beskreaun te wurden…
Iksels bin hikke en foar fierwei it grutste part tein yn Ljouwert, mar thús waard Frysk praat en lêzen. En ik bin wier net de iennichste. It slacht alsa nearne op dat de stêd net ‘Frysk’ wêze soe, sa’t guon hawwe wolle. De stêd heart likegoed by Fryslân as de blauwe drek fan de Klaai en it sân fan Gaasterlân.
It Frysk is mear as in boeretaal, en sil de taal en literatuer ea folwoeksen wurde wolle, dan moatte wy ris ôf fan sok provinsjalistysk gejeuzel fan guon as Wytsma en Tiemersma.

2 reaksjes op “Provinsjalistysk gejeuzel

  1. …in klap op ‘e bek, in knal fan it slachhout (Jack Micheline…hjir folslein út de kontekst helle…)bam!…knap stik C. Man wat mis ik de stêd, ferdomde lockdown, de gong nei Mukkes troch de stegen en oer de strjitten tusken Aldehou en it ‘red light district…’ de gong nei Neushoorn, by nacht de gong werom nei de auto…LW myn leafste…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *