
Voice Challenge Nederlânsk – Frysk
De Hogeschool van Amsterdam, Rijksuniversiteit Groningen en Mozilla Common Voice organisearje tusken 15 en 22 jannewaris 2021 in Voice Challenge Nederlânsk-Frysk.
It doel is om yn in wike sa folle mooglik Nederlânske en Fryske stimmen te sammeljen.
Troch op de Common Voice-website [1,2] sinnen yn te sprekken en opnamen fan oaren te falidearjen, learsto in kompjûter hoe’t in gewoane Fries of Nederlanner sprekt. Sa helpsto mei in Fryske en Nederlânske iepen boarne spraakdatabase te bouwen.
Sjoch foar mear ynformaasje by conversational.amsterdam