Jelma Knol

Besprek: Wy strûpe derûnder! fan Gjalt de Groot

logo.ensafh

Mei Wy strûpe derûnder! hat de boer en fjildman Gjalt de Groot in alderaardichst boek skreaun oer it buorkjen en fiskjen yn âlde tiden. It earste part, Jeen en Anne, beskriuwt yn romanfoarm it hurde en somtiden aventoerlike libben fan it jonge pear foardat it op 12 maaie 1919 op de Koaipleats yn de Alde Feanen telâne kaam. It twadde part bestiet út losse ferhalen oer de bewenners fan de Alde Feanen, de famyljes dy’t buorken op Cuba. Op ’e Koaipleats, Luctor et Emergo en Laban, yn de perioade nei de Earste Wrâldkriich, mar ek letter. Sytze en Maaike, dy’t lanlike bekendheid krigen troch de kranteferhalen fan dûmny De Stoppelaar, binne net oerslein.

De literêre wearde fan diel 1 sit him net sasear yn de komposysje. Soms moast ik by Jeen en Anne tinke oan it iere wurk fan Paulus Akkerman, mar dizze nije personaazjes stribben net yn it foarste plak nei in ‘panstrutsen tek’; se libben sa te sjen mei minder maatskiplike en godstsjinstige prakkesaasjes as Akkerman syn minsken. Se wurken hurd en libben mei de natuer.

De Groot hantearret yn dit boek in oersichtlik wrâldbyld. De haadpersoanen binne goede minsken, wâldpiken lykas de Kooistra’s dy’t har fiskerijgebiet yn de Dokkumer Ie ferdigenje tsjin Jeen en syn feint hearre by de bad guys. It is dúdlik wa’t der winne sil. Soms is in oergong yn it ferhaal wat ûnhandich. As Jeen mei in fikse wûne-ynfeksje yn it sikehûs bedarret en wy as lêzer hieltyd meilibje mei Jeen oft er it foar de dea wei hellet yn dy tiid sûnder antibioatika, dan is er ûnferwachts samar werom en hielendal fit en dreamt er fan syn hurdriden tsjin Willem Tjerkstra. Mar de grutte striid yn it boek is dy tsjin it wetter. It tema Wy strûpe derûnder! is yn alle ûnderdielen fan it boek werom te finen. De foarútgong yn de foarm fan it Woudagemaal dat de wettersneed yn ’e Lege Midden tsjingean koe, wurdt út en troch bejubele.

Dit boek, seit de útjouwer op de achterflap, is in tiidsdokumint út it folle libben fan doe. En sa is it mar krekt. De baasferteller Gjalt de Groot hat bysûnder meinimmend in wiidweidich en folslein byld tekene fan it ûngetiidzjen, reidsnijen, fiskjen mei fûken, fangen fan wylde einen yn einekoaien en alderhanne oare aspekten fan it boerelibben yn de doe noch rike natuer. Datst de gearhing fan al dy beuzichheden te sjen krijst is in pree. De Groot beskriuwt it libben yn dy tiid oant yn detail en dat hat in grutte sjarme, ek stilistysk.

‘In betide hoanskrobber komt oer it bûtlân oan saaien en alle fûgels mei jongen of aaien komme yn aksje, dûke mei gâns kabaal op dy rôver om him út harren krite te ferdriuwen. Ek fannemoarn falle de gerzen, blommen en krûden troch de machtige slaggen fan de meanders yn sweeën. Seis oere is it as se it ark dellizze en op de tinte oansette foar it brea-iten. Jeen melkt syn geiten en der komt in nije kikkert yn it brijbuske mei sûpe.’

De geiten gyngen mei it lân yn as se dêr dagen oan it ûngetiidzjen wiene en de kikkert út de noch skjinne sleatten waard yn de meibrochte sûpe treaun om al swimmende de sûpe frij fan kluten te hâlden. Yn dat ûnlân fan de Alde Feanen wie de molkfarder de man dy’t it isolemint fan de boerehúshâldings in pear kear yn de wike trochbruts. Winterdeis as it iis sterk genôch wie koe elkenien him wol rêde op redens. Mar by medyske needgefallen en ek noch striemin waar wie it bealgjen om op tiid yn it sikehûs te kommen. En as de bliksem ynslacht is it soms te let.

Gjalt de Groot hat sels as jonkje noch in stik fan dizze tiid meimakke yn de fyftiger jierren, by syn heit en mem op Luctor et Emergo. Sûnder elektrysk en watfoar moderne foarsjennings ek dy’t it libben wat komfortabeler makken. Hy lit ús út eigen ûnderfining wei in stik sjen fan it boerelibben yn de sompen dat foargoed foarby is. Dat docht er wiidweidich en meinimmend, mei betiden prachtige natuerbylden.

Utjouwerij Louise hat dit boek kreas fersoarge foarmjûn, mei kaarten fan de Alde Feanen dy’t de omjouwing fan 1930 en 1980 sjen litte en in skilderij fan Cuba troch Hans Jouta op it omslach.

Gjalt de Groot, Wy strûpe derûnder!, Grou 2020, 224 siden.

1 reaksje op “Besprek: Wy strûpe derûnder! fan Gjalt de Groot

  1. Ik herken het hele verhaal daar ik de meeste personen wel ken en mee op de lagere school in Warten heb gezeten . En ik ging als klein kind met mijn vader Auke Andringa te suteljen in de oude venen en wildlannen en grouwster leechlan met de motor schouw de Hiske . En weet dat Gjalt nog op Luctor et Emergo woonde en toen ging verhuizen en Fokke en Iebeltsje daar kwamen wonen .

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *