
In protte muzikanten hâlde op ‘t heden lockdownsessys. Op ôfstân mei-inoar muzyk meitsje. Sammy Hagar, bekend fan Montrose en Van Halen, is dêr mei syn band The Circle ien fan. It lêste nûmer dêr’t se in cover fan diene, wie Heroes fan David Bowie. Se hiene der foar de gelegenheid in fideo by makke, mei bylden fan gewoane minsken dy’t yn krisissituaasjes heldhaftich hannelje.
Lês fierder by Omrop Fryslân