Greet Andringa

De heechste tiid

logo.ensafh

De klok yn de keamer fan ús pake en beppe die tik…tak…tik…tak. Krekt as yn it ferske, mar dat wist ik doe noch net. Ik hie in hekel oan it lûd. Tocht ik.
Ik siet op it bankje oan de oare kant fan de houtkachel dêr’t pake in allesbranner fan makke, sadat de keamer altyd justjes blau fan de reek stie. Op de salontafel foar my de Mecano-auto dêr’t ús heit as lytse jonge noch mei boarte hie en blokjes dêr’t ek neat oan wie. Mar goed, dat wie it boartersguod en dat wie wêr’t de bern hearden te sitten. Omdrave, oan beppe har moaie kopkes komme, of de plantsjes yn it achterhûs, dat mocht net.
Dy lêste wiene foar de ferkeap en dêr seagen pake en beppe altyd by op in wize dy’t ik letter allinnich wer sjoen ha by slim leauwige minsken yn in tsjerke dy’t nei in Kristusbyld seagen. Tik…tak! De grutte minsken oan de itenstafel mei it pluzich reade kleed. Kofjekopkes en leppeltsjes rattelen út en troch op de pantsjes. Heit en mem seine net in soad. Pake en beppe ek net. Ik joech de klok de skuld, dy’t allinnich mar dy tiid sûnder ein yn lytsere brokjes sloech.
Deadline. Noch in wike te gean. Noch twa dagen. Oeren. It kâlde swit streamt my ûnder de earmsholten wei. Tweintich ôfspraken wurkje ik ôf op in dei en noch komt alles net ôf. Net sliepe kinne fan de rychjes en listkes en skema’s dy’t my troch de kop geane. Wêr bliuwt de tiid?
Tiid is fan ilestyk. De iene kear te lang, de oare kear te koart. En wat my opfallen is, is dat as de tiid net kloppet mei hoe’t it wêze moat, dat meastal te krijen hat mei moatten. Bliuwe moatte yn in sitewaasje dy’t net te hurdzjen mar ûnûntkomber is. Bepaald troch in oar. Of oplein troch mysels. En ja, de fragen ‘moat it no?’ en ‘moat ík it dwaan?’ jouwe betiden wol wat lucht, mar dat is net it hiele ferhaal. Want wêr giet it no wier om? Wêr bin ik benaud foar as ik it net ôf krij op ’e tiid? Mei in bytsje gelok kin myn holle noch wol betinke dat nimmen my ôfmeitsje sil. Mar wat seit myn lea? Wat seit myn gefoel? De oaren wurde lulk, se falle my oan, se hoege my net mear. Hoe maklik is it dan net om dochs mar yn it draven hingjen te bliuwen om soks net fiele te hoegen?
Wannear kloppe de tiid wol yn myn libben? As bern as ik ûntsnapte út de wiere wrâld: mei in boek op de bank of in pinne yn de hân ferdwûn ik nei in parallel universum dêr’t ik sels bepale koe hoelang’t ik dêr bleau. Of as ik skreau sels hoelang’t der wat barde, wat dêr barde, mei wa en wêrom. Sels stjoer hawwe jout in hiele oare relaasje mei de tiid.
Mar hoe sit dat dan mei dy erfaring dy’t ik as jong folwoeksene hie yn in teater of all places? Marc Marie Huijbrechts, of all persons, doe in jonge begjinnend kaberetier, wiksele hurde grappen ôf mei serieuze en gefoelige trochkykjes nei syn eigen libben. Hy hie my op de korrel, al in pear pleachstjitsjes útdield (net noflik foar immen dy’t op papier mooglik in grutte bek hat, mar yn it echte libben leaver dekking siket). En ynienen kaam er rjocht tsjinoer my te stean. Ik siet op rige tsien. Hy frege my oerein te kommen. In spot boppe my sette my fol yn it ljocht. Hy begûn in liet dêr’t ik it plak fan syn mem yn krige. Hy song my ta, de ôfstân foel fuort en de tiid foel folslein stil. De wurden ha ik miskien net iens heard, mar ik fielde in waarme stream fan him nei my gean. Syn hert wie troch in ljochtsjende buis mei stjerkes mei mines ferbûn. Alles glânze en hie in gouden gloed. Sa’t jim lêze, holden sels myn sintugen harren op dat stuit net bot oan de orizjinele taakomskriuwing en jonges: ik hie wier gjin paddestuollen, weed of wat dan ek brûkt. It sil grif net langer duorre ha as in pear minuten, mar it fielde as in ivichheid dy’t hielendal doogde. Dêrnei plofte ik wer werom yn myn gewoane sels en it mantsje op it poadium ek: grizich, mûzich, ferblikke. Sa’t jo betiden de wrâld sjogge op in sinnige dei as jo de eagen iepenje nei se in hoartsje tichtknypt te hawwen.
Ik ha lang tocht dat it oan hím lei dat ik my sa fielde. Want kom op, wêr slacht soks op mei in folslein frjemde? As dit soarte fan dingen barre mei dejinge dêr’t jo fereale op binne, okee. Dan tinke jo trouwens ek dat it oan de oare leit, oant jo op in goede dei in pear wike, moanne of jier letter wekker wurde en jo ôffreegje wat der bard is mei al dy fonken en heftige gefoelens. Mar earne kaam it besef dat wat dy MMH ek die, ik it sels wie dy’t de slûzen iepen set hie fan myn neurotransmitters. Omdat ik leafde seach yn stee fan negativiteit, twang, moatten, oerlevere wêzen. Dat hie like goed oars útpakke kinnen, mar dat die it net.
Tiidsyndieling hat ea bedoeld west om ús te helpen, frijheid te jaan, mar it jout ús dus faak it gefoel fan der net útkinne en moatten. En al hielendal yn dizze rare tiid. Net komselden wurde we dan lulk op of bang foar de bringer fan it boadskip, oft dat no ús pake syn klok is of it regear. We wurde hielendal yn beslach nommen troch dizze fight- en flightreaksje, al tinke we dan noch sa dat we ferstannige dingen sizze en/of stevich gelyk hawwe. Wêr’t it wier om giet (wat betsjut dat firus yn myn libben en dat fan oaren?) en oan echt stjoer pakken oer ússels, komt it dan net ta (wat haw ik te dwaan yn myn libben om in sa goed mooglike útkomst te berikken foar my en de oaren?). Ik ha de antwurden ek net, want in hiel soad fan ditsoarte prosessen en ‘keuzes’ spilet him ôf ûnder it oerflak fan ús bewustwêzen. Mar ik ha wol it idee op paad te wêzen. En dy ûntdekkingsreis nei wêr’t by my de knoppen sitte is yn alle gefallen in hiel ein ynteressanter as stilsitte en my in slachtoffer sûnder frije wil te fielen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *