
Der komt omtrint 1,4 miljoen euro nei Fryslân as stipe foar kulturele ynstellingen. It ministearje fan Ynlânske Saken stelt it bedrach beskikber foar primêr provinsjaal subsidiearre ynstellingen. It jild is bedoeld as kompensaasje foar koroanaskea. De provinsje Fryslân makke in ynventarisaasje fan de skea yn it earste healjier oant 1 juny fan 2020 en rûsde dy op 1.396.319,- euro. It folsleine bedrach waard takend.
Lês fierder by It Nijs