Anne Feddema

Wêrom?

logo.ensafh

Fan alle grutte libbensfragen is de wêrom-doch-ik-dit? de foar my alteast, meast konfrontearjende fraach. Freegje ik mysels wêrom ik eat doch dan fiel ik my al hiel gau as Tsjitsikov út ’e roman Deade Sielen fan Gogol, dy’t foar de feroaring ynset wurdt as Monty Don (Gardeners’ World BBC…alsa túnprogramma’s sjen en in briljante roman lêze) … om de ferwyldere, fertutearze tún fan Pljoeskin wer in bytsje kreas te krijen…lês: No Way Goasse.
Wêrom?…Wêrom?…Wêrom?…set it yn as jo eigen, persoanlike mantra en der komt neat mear út je hannen.
’k Wit wêr’t de falkûle him befynt en ik besykje der net yn te ferdwinen. Der binne nammers mear as genôch oare falkûlen en apen en bearen op of yn de kreative dyk, sterker noch…ik haw wolris mei in aap en in bear yn in falkûle lein. Soe ik net dwaan as ik jimme wie. Ik hie it min troffen…ik siet mei in geile bear…dy aap fûn it bêst genôch mar ik…no dit ferhaal rint wer aardich út it spoar…dat hawwe je mei dy wêrom fragerij.
By my spilet tafal, of soe it klearebare predestinaasje wêze?…in wichtige rol. Keunst kaam gewoanwei op myn paad en ik moast der eat mei dwaan…ik koe net oars.
Wêrom? bestiet by eintsjebeslút net foar my…de hoe? fraach mar benammen it antwurd, is ûneinich nijsgjirriger.
Ik boartsje fansels wol op ‘e kante sintimeter yn it brein. Dat boartsjen liket mear op skaken…dat ik dus net kin…ik woe it net leare om’t ik gjin nocht hie om dêr yn te ferdwinen…mar ik bedoel…setten foarúttinke (ja, ja…dat wit ik dan noch wol…) in pear streekjes sa op it papier of doek…in pear wurdsjes omkeare yn in fers…no sa.
It giet dus om it wurk fan my dat der al is…dat is fuort it antwurd…ja …op myn fraach?…of op jimme fraach?
Hienen jimme eins wol in fraach?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *