Jelma Knol

Antsje Swart oer Trinus Riemersma syn ier skriuwerskip

logo.ensafh

Foar minsken dy’t Trinus Riemersma kend hawwe en leafhawwers fan syn ier wurk is Bûntskildere werklikheid. Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma fan Antsje Swart in oanrieder. Frou Swart, de earste echtgenoate fan Trinus Riemersma, beskriuwt út har ûnthâld wei, wat se mei Trinus as oankommend skriuwer en ûnderwizer belibbe hat. De húslike omstannichheden fan it jonge pear, dat it iene bern nei it oare op de wrâld set, binne op in feardige wize delset en it skriuwerskip fan Trinus en dy syn literêre kontakten en opinys ek. Der steane pearels fan anekdoates yn dêr’t men jin as lêzer o sa mei fernuverje kin.

Antsje Swart skilderet Trinus Riemersma as in wat ûnpraktyske kloat, dy’t him hast in lekke wenboat oansmarre lit wylst der al in poppe op komst is. Tanksij in frou De Groot giet dat net troch. Wat letter, yn jannewaris 1962, kaam der in echt hûs foar de jonge húshâlding, ek wer mei tank oan frou De Groot (side 35-36). Wêr’t dat hûs stie, stiet der net by. Ja, wol dat der in paad nei de dyk wie. Al earder hat de húsfêsting yn it boek te praat west, it pear sit dan yn Loaijengea, ik nim oan yn dat selde hûs, mar sokke saken bliuwe wat dizenich. Wêrom wennen se net fuortdaliks yn Gau, dêr’t Riemersma ûnderwizer wie? Wel, dat wurdt op side 15 behannele:

‘It ûnderwizershûs yn Gau dêr’t er rjocht op hie, dêr gie de bewenner net út. De kristlike skoalle koe neat dwaan want dy man wie de soan fan in grutte kristlike boer.’

Ik nim oan dat Doeke Sijens, de omkesizzer en biograaf fan Trinus al sokke saken nochris presys útsiket en foar ús notearret, mei nammen en data, want Antsje Swart notearret ien en oar faak út de losse pols wei. Mar alderaardichst, ik kin net oars sizze. De sfearskets fan dy iere perioade is sa opskreaun dat ik net fan it boek ôfbliuwe koe. En lang om let hawwe de Riemersma’s dan dochs in hûs yn Gau.

Oer dat doarp wol ik tzt alles witte. Wat wie dat foar doarp, wêrom waard it hûs fan de Riemersma’s mei stront ynsmard en de tún leechhelle op Aldjiersdei? Of gyngen se sa mei alle bûtensteanders yn it doarp om? Der is b.g. in anekdoate oer in wat aparte winkelman dy’t syn guod ferpakte yn âld papier (de earste ferzje fan Fabryk!) fan de Riemersma’s en dy’t troch it doarp wat skoudere waard. Waarden de Riemersma’s fuortpest út it doarp fanwege de ûnkristlike taal yn Minskrotten-Rotminsken sa’t Antsje Swart suggerearret of wiene der mear oanliedings? Ut dit boek wurd ik dat net gewaar.

Trinus Riemersma wûn mei in koart ferhaal in Relypriis en naam doe it beslút om skriuwer te wurden. ‘Op in dei yn Loaijengea sei er: “Wat de oaren kinne, dat kin ik better.” Hy bedoelde Tamminga, Wadman, Rink van der Velde.’ (s. 32) Mei in tal kollegaskriuwers dy’t him ek goerie joegen by it skriuwen, lykas Douwe Tamminga, Tiny Mulder en Ype Poortinga, koe er goed opsjitte. Dizze skriuwers ‘wiene wier net stoffich en autoritêr. Se sieten altyd by ús op ’e kofje en stipen Trinus by alles.’ Se holpen him ek oan in redaksjesit yn De Tsjerne. Mar dan komt der reboelje oer in jonge kwerulant fan in oar tydskrift en Trinus stapt lang om let wer út de redaksje. (s. 40) As lêzer soest graach witte wolle wa’t dy kwerulant wie – dat kin dochs wol nei 60 jier? – en wat der no krekt spile. Antsje Swart tilt in tipke fan de wale op, mar net genôch. Oer alderhanne skriuwprosessen wit se dan krekt wer in soad te fertellen en se hat der ek gauris in útsprutsen miening oer. Bygelyks wêrom’t Trinus gjin dichter wie en wol in proazaïst.

Trinus skreau alle dagen op fêste tiden nei it wurk en lies gauris stikken foar oan syn frou, om te hearren oft it goed rûn. Oan de aktualiteit hied er it mier, it duorre jierren foar’t der in radio yn ’e hûs kaam. Hy pikte wol fan alles út it deistige libben op, it praat fan guon doarpsgenoaten bygelyks. ‘Fabryk is de dramatisearring fan wat Trinus syn âldere broer oerkaam.’ En it live-ferslach fan de Alvestêdetocht fan 1963, út in read transistorradioke dat Antsje Swart krigen hie, waard de ynspiraasjeboarne foar Minskrotten-Rotminsken, mei syn radioferslachjouwer Hanenburg.

Dochter Friduwih Riemersma hat by in tal haadstikken fyntekene yllustraasjes makke dy’t meastentiids in man en in frou sjen litte. Lykas sein: in bysûnder aardich boek foar de Trinus Riemersma-adepten. In fikse redaksje- en korreksjeslach hie it einresultaat better makke, it tilt no op fan de werhellings, tikflaters, wurdsjes dy’t ûntbrekke en soms kromme sinnen.

Antsje Swart, Bûntskildere werklikheid, Utjouwerij Grotesk, Amsterdam 2020. 94 siden

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *