Henk Nijp

Skoaldei op ôfstân

logo.ensafh

Rom foar healwei tsienen sitte wy klear om de ynstruksje foar dizze dei ta ús te nimmen. De laptop is 100% opladen. Wy ha op ‘e tiid ynlogd, de brûkersnamme en it wachtwurd binne sûnder fouten yntypt, mar al wat yn byld komt, gjin learkrêft fan groep 4… Ik bin hjoed beneamd as tydlik thúsmaster en ik mei foar pakesizzer A. it menu fan dizze skoaldei – by ûs thús – optsjinje. Even werom yn it âlde fak. Wy ha it roaster foar hjoed op papier, dêr ha wy de kompjûter dus net foar nedich, wol sa praktysk. Foar njoggenen hiene wy wurdsjes dy’t einigje op
‘-oor’, ‘-eur’, en ‘-eer’ al by de ein. ‘Spelling’. Dat joech net de measte swierrichheden. As ik mar mei genôch klam de wurden útsprek komme dy sûnder flaters yn it goede rychje telâne. Om de boel wat ‘op te leuken’ tekenje wy der stripeftige tekeninkjes by. Dat is eins folle moaier as dy ‘-eur’ en ‘-oor’ wurdsjes…
Letter op ‘e dei stiet der noch in diktee oer itselde taal-‘probleem’ op it programma. De eigen learkrêft lêst dan it wurd foar en de bern thús skriuwe it wurd dat oan bar is op in ‘wisbordje’, dan hâlde se dat foar it kamera-each fan de laptop en de learkrêft jout fuort oan oft it goed dan wol fout opskreaun is. En it wurd wurdt eventueel ferbettere en dêrnei wer útfage mei keukenpapier. In skjin laai dus foar it folgjende wurd dat de learkrêft dan opjout. Sa moat dat gean as it goed is en foarige kear gong dat foar wûnder. Mar dan moat de ferbining wol stabyl wêze en dat wie hjoed net sa.
Op de ôfsprutsen tiid krije wy gjin kontakt. Wy tidigje derop dat der wol even wachte wurdt oant elkenien fan ‘e groep him of har melden hat. Mar wy komme der net troch, it op ‘e nij yntypen fan brûkersnamme en wachtwurd jout neat. De learomjouwing sa’t dat tsjintwurdich hjit, bliuwt egaal helderblau. We slute de browser ôf en klikke ‘m wer oan, it biedt gjin soelaas. Mei wachtsjen, ynloggen en alle oare hannelingen om der dochs yn te kommen, binne wy njonkenlytsen in goed kertier fierder. Ik kin my yntinke dat de learkrêft fan tsjinst no net mear op ús sit te wachtsjen, want in pear fan dy útfallers en de moarn is om. We slute de laptop folslein ôf en starte de hiele hannel op ‘e nij op, werhelje alle wenstige prosedueres om by de korrekte skermen te kommen, mar gjin master en gjin klasgenoatsjes… Al mei al binne we, as we de striid earst mar even opjouwe, hast trije kertier fierder. Gjin effektive leartiid soe de ynspeksje wol sizze; folslein terjochte!
Mar gelokkich ha wy it papieren deiskema noch, sadat we gau gewoan fierder kinne. Hoewol gewoan… Wy pakke no earst it rekkenjen mar op, it giet hjoed oer optelle en ôflûke mei getallen as 35 en 73. Oer tsientallen en lossen (ienheden), it is de bedoeling dat dêrby ‘rekkentaal’ brûkt wurdt. Mei de ‘getallenlijn’, tuskenstapkes en tinkwolken. Eartiids gong dat yn in skrift of in wurkboekje, no giet dat allegear mei de kompjûter en de learling sjocht fuortdaliks oft it antwurd goed is. Giet it ris mis, dan kin it fuort ferbettere wurde. Rjochtstreekse ‘feedback’. De ynstruksje troch de eigen learkrêft wie hjirfoar ynpland, mar ja gjin ferbining… De wize fan útrekkenjen is net feroare, dat mei dy ynstruksje rêd ik my wol. En A. snapt it aardich. Hy fynt it nei tsien sommen heech tiid foar wat iten en drinken, skoft! Wy geane hjoed mar net nei bûten; it is kâld en it reint noch hieltyd en ik ha ek gjin sin oan pleinwacht…
Nei it skoft binne de oare sommen yn in omsjoch dien. It live folgjen fan it diktee wurdt neat, want der is noch hieltyd gjin ferbining te krijen mei skoalle. Gelokkich binne de dikteewurden wol yn de krochten fan de learomjouwing te finen, sadat we dizze oefening dochs trochgean litte kinne. De training earder fan ‘e moarn hat fertuten dien, der giet hast gjin wurd mis. It lêzen bewarje wy mar foar fan ‘e middei. As we hast ite sille, besykje we doch nochris of der kontakt te meitsjen is en wûnder boppe wûnder ferskynt de klasselearkrêft no samar yn byld, hy groetet freonlik en is bliid dat er A. dochs noch even sjocht! Hy freget oft wy ús wol rêde koene mei it wurk hjoed, want de ynstruksjes ha al west. A. knikt yn de kamera, hy hat ek gjin fragen. Mei in ‘tot morgen dan maar’ slút syn echte master wer ôf. De middeis, op ‘e ein fan de ‘skoaldei’, stiet der in ‘skoalbreed-evenemint-op-ôfstân’ op priemmen: BINGO foar alle húshâldingen fan de skoalle.
Om dochs noch wat mei-inoar dwaan te kinnen yn dizze ‘ôfstanlike’ tiden.
Om healwei fiven, it ôfpraten tiidstip, ha wy yn ien kear, sûnder tûkelteammen ‘kraakhelder’ kontakt mei de skoalle. Mei de bingo falle wy dit kear net yn ‘e prizen. Dat lei him lykwols dit kear net oan ‘e ferbining.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *