Lomme Schokker

In notabel hûs

logo.ensafh

It moat ien fan de earste sutelaksjes west hawwe, begjin santiger jierren. Faaks hie der in oprop yn ’e Ljouwerter stien foar frijwilligers, miskien hie ik op ’e HAVO yn syn les der wat oer heard fan Jan J. Bijlsma. Yn alle gefallen, ik wie der by earne boppe Boalsert, as jong broekje tusken aardich wat skriuwers. De iene hie in wyld burd en strange skerpe eagen achter in sikefûnsbriltsje, in twadde stonk út ’e azem – en hat de hiele dei lyk by my lâns sjoen – en wer in oar rûn yn ’e wyn op mei in siden sjaaltsje om ’e nekke. Nettsjinsteande dat prestearre hy it om oeren oanien syn swarte pipe brânend te hâlden. Echte skriuwers fan echte boeken, och wat fielde ik my in neatich mantsje tusken dy pommeranten. Wêrom hie ik my hjirfoar yn de goedichheid opjûn? Lokkich wie Tiny Mulder der ek by.

Ik bin fan Oranjewâld, in blêdeklauwer, in wâldpykje. De ûneinige flakten fan de greidhoeke griisden my oan, ik wie wer allinnich en ferlern yn de jimmer waaiende winen fan dy lege wrâld, gjin beskutting, amper in smûk burgen plakje te finen. Dat gefoel fan ûntheistering en ienlikens hie ik yn dy omkriten al in pear kear earder meimakke. As bern moasten wy ien kear yn de safolle tiid mei nei tante Kobe en omke Willem yn Ysbrechtum. De beammen by it krúspunt om de tsjerke hinne, ja dat wie in moai ôfskerme hoekje, mar as ik foar it wenninkje oer fan tante Kobe en dy oan de Kleasterwei de kant fan Turns op seach, dêr’t se leau ik eartiids in hierpleatske hiene, fielde ik my al gau ûnheimisch losmakke yn dy fiergeande leechte.

Mem kaam as boeredochter en letter as jongfaam en pas troude frou gauris by har muoike oer ’e flier Tante Kobe, mei stikelige hierren op it kin, hie gjin bern krije kinnen, mar dat sil wol neat mei-inoar te meitsjen hân hawwe. Hoe faak ik wol net heard ha dat ús mem as jongfaam tante Kobe út begrutsjen ris tasein hie dat as se ea in twilling krije soe de jongste fan de beide by har op de pleats te wenjen komme soe. Sa as ik it no besjoch moast ik dêrom miskien wol faker as myn twillingbroer mei mem de wiidte fan de greidhoeke yn foar wer in grouwélige tút fan tante Kobe.

Mar ik woe it ha oer Tiny Mulder en wat sy op dy dei fan it boekesuteljen my fertelde oer har hûs dêr yn Jellum. Want wat sei se no krekt? Hie se it oer in hûs fan in notabele of hie se it oer har notariswenning? Frou Mulder hie my fuort al by de yndieling fan de keppeltsjes har besitlik taeigene en dêr wie ik mar wat bliid mei. Sa’n aardige frou. Ik ha gjin inkeld besef mear fan wêr’t wy dy deis oan it suteljen west hawwe of wat it waar die, hokker boeken ik yn ’e kroade hie, sels net hoe’t dy kroade der útseach en oft ik überhaupt dy dei wat ferkocht ha, mar ik wit wol dat sy it op in stuit hie oer har wenning oan de Hegedyk yn Jellum. Hoe langer ik no hjiroer yn ’e prakkesaasjes sit, hoe mear ik mar mien dat sy nei alle wierskyn it wurd ‘notabel’ neamd ha moat.

‘Moatst witte,’ sei se sa likernôch, ‘ik ha altyd al graach yn in hûs wenje wollen mei oan de strjitkant yn it midden de foardoar. En dan oan de iene kant fan de gong de wenkeamer, oare kant de sneinske keamer en boppe de foardoar sa’n opfallend erkerke. Ik fyn soks notabel, it hat in bepaalde foarm fan deeglike deftichheid, sûnder pronkerich te wêzen. Dy symmetry, dat stiet my al sa oan. Hasto dat no net?’ Dêr hie ik noch nea oer neitocht. Dat soks in stribjen yn jins libben wêze kin: de arsjitektuer fan in wenning, de leafde foar details, it útsprekken fan wat heechst persoanlik wichtich is, datst it eigene sa lang koesterje kinst.

Net folle letter yn Tilburch hie ik in sikefûnsbriltsje dat my al gau sear die achter de earen en der is in foto dat ik op myn studintesouder oerdreaun djipsinnich oan it piipsmoken bin. In siden sjaaltsje ha ik nea oandoard en in echt boek sil der ek net komme. Wat minstens sa wichtich is: soe meikoarten dy Tiny Mulder kuier noch trochgean by de plakken lâns dêr’t se wenne hat?

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *