Tryntsje van der Steege

The Reading Room

logo.ensafh

Wa’t de Netflix-searje The Crown in bytsje ken, wit dat de Britske keninklike famylje nochal op har privacy steld is. Lykwols hat Camilla, Duchess of Cornwall (sy fan de ivige kroanprins Charles), sûnt koart har Reading Room iepensteld foar it grutte publyk. Mei it instagramaccount @duchessofcornwallsreadingroom is se in boekeclub begûn, mei lêstips, fideoboadskippen fan harsels en de skriuwers dêr’t it om giet, en ynhâldlike fragen by de boeken, dêr’t elkenien fia it account op reagearje kin, of ‘for you to mull over in your own reading room’. De boeken dy’t behannele wurde (sjoch ôfbylding) binne har eigen persoanlike foarkar.

It inisjatyf is ûntstien nei alle positive reaksjes dy’t Camilla krige nei it dielen fan har lêslist yn de earste lockdown en stiet dêrmei sawol yn de aktuele trend fan online lêsclubs en alle oare sosjale aktiviteiten dy’t troch de koroana-pandemy nei de firtuele wrâld ferskood binne, as yn de tradysje fan de ‘celebrity bookclubs’, dêr’t Oprah Winfrey sûnder mis it bekendste boechbyld fan is. Ik – sels lêzer – mei hiel graach oer sokke clubs. Ik fyn it nijsgjirrich om te sjen hokker boeken de oandacht lûke en hoe’t dêroer praat wurdt, en om lêstips ta te foegjen oan myn dochs al ûneindige lêslist. Boppedat bin ik yn it gefal fan de Duchess hielendal wei fan de hiele Reading Room-sfear, mei de stoffearre stuoltsjes, de bordeauxreade gerdinen, de antike taffeltsjes, en it knapperjende fjoer op de eftergrûn as Camilla yn har hearlike upperclass aksint fertelt dat ‘I just think it’s because I love reading myself, I think a lot of other people also get a huge amount of pleasure from it’.

Mar wylst ik dit inisjatyf o sa sympatyk fyn, fernaam ik dat ik tagelyk wachte op in stoarm fan kommentaar – want ek út The Crown witte we dat de publike optredens fan de Royals selden kritykleas ûntfongen wurde. Ik hearde de krúsridders fan de lêsbefoardering al skombekjend foeterjen op Camilla en har omheechfallen boekesmaak yn har sjyk lânhûs, en dat je dêrmei allinnich mar sjen litte dat lêzen in elitêre hobby is en dat je op sa’n manier fansels noait in kear de doelgroep fan net-lêzers berikke dy’t ta lêzen oanset wurde moat. Bin ik as fanatike lêzer dan sa kondisjonearre dat ik sokke inisjativen allinnich mar yn it ljocht fan de algehiele lêsbefoardering sjen kin, mei in soarte fan mispleatste evangelisaasjedrift om elkenien oan de literatuer te krijen, omdat it oars net goed komt mei it minskdom?

Literatuerkritikus Kees Fens skreau yn de jierren njoggentich al: ‘Dertig procent van alle Nederlanders leest nooit een boek. Dat is al jaren zo, en het zal de komende eeuwen zo blijven. […] Leesbevordering is weggegooid geld.’ Soe er gelyk hân ha? Begryp my net ferkeard, fansels is it in goede saak om elkenien, leafst fan jongs ôf oan yn oanrekking te bringen mei boeken, en fernimme te litten hoe leuk en belangryk lêzen is (bygelyks sa’t Dolly Parton’s Library of Imagination al 25 jier fergese berneboeken ferstjoert oan bern fan 0 oant 5 jier) – wat likegoed jildt foar bewegen, sûn iten, de bysûnderheden fan oare lannen en kultueren, skiednis, biology en gean sa mar troch, sadat elk syn of har eigen ynteresses bepale en fierder ûntploaie kin. Net-lêzers hoege dêrom gjin boekeclub, dy ha wol in fuotbalclub of in postsegelclub of in akwariumfiskeclub. Net elkenien hâldt no ienkear fan boeken lêze, krekt sa’t ek net elkenien fan reedriden, fan hûnen of fan sûkelade hâldt. Guon fan myn bêste freonen hâlde net fan sûkelade, en sels myn allerbêste freon slacht eins noait in boek iepen, mar goed, dy hat wer hiel oare kwaliteiten. Dus hoewol’t Camilla, Duchess of Cornwall, yndied aktyf is op it mêd fan lêsbefoardering en geletterdheid – de Britske wjergader fan ús prinses Laurentien sis mar – is har Reading Room hielendal net bedoeld om alles en elkenien oan it lêzen te krijen, mar inkeld om dyjingen dy’t al lol oan lêzen ha mei-inoar te ferbinen en harren lêswille te ferdjipjen. En as dêrtroch ien of twa minsken dy’t dat earder net sa gau dwaan soene no wol in boek oppakke, is dat allinnich mar moai meinaam.

 

1 reaksje op “The Reading Room

  1. De UK krijt syn analfabetisme der net ûnder, 16 persint fan de folwoeksenen. Net lêze kinne hat in negatyf effekt op de libbensstyl en in protte fan de analfabeten sitte yn ‘e finzenis. Foar de detinearren is it programma Books Unlocked (ja jo kinne donearje, boeken en jild) geweldich. Mar wat te tinken fan de iepening fan de Books Unlocked-jierdei troch de Duchess of Cornwall (fermogen 5 miljoen dollar), dy’t no krekt it hiele stelsel fan kânseûngelikens sa hâldt sa’t it is? Moatte wy klappe foar hypokrisy?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *