Giny Bastiaans

Handich

logo.ensafh

It wie in moaie sneintemiddei. Ik woe sjen oft der ek poddestuollen te finen wienen op it natuerpaad. Myn kamera koe yn ’e bûse bliuwe, want se wienen der net. Twa jonkjes op in fatbike, dy wienen der wol. Dêr kamen se oanjeien, slingerjend oer it paad. Ik gie gau oan ’e kant, it paad is dêr smel. ‘Dach mefrou,’ âlen de jonkjes oerdwealsk. Eefkes letter kamen se al wer werom. Se sieten der noch net sa handich op, tonge út ’e mûle, hier rjocht oerein. ‘Dach leave mefrou!’ rôpen se stoer, mar it hie der wol oan oft de bestjoerder de fyts hâlde koe. ‘Dogge jim foarsichtich!’ rôp ik se efternei. ‘Ja ja,’ kaam it benaud út it jonkje efterop. Ik rûsde de mantsjes op in jier as tsien, alve. Se hienen noch fan dy oandwaanlike bernenoaskes. Beide krolhier. Dy oan it stjoer donker, efterop ljocht hier.
Eefkes letter stie ik te sjen yn in fjild mei klaverkes. Miskien koe ik in fjouwerke fine. Dêr hiest dy twa fatbikers alwer.
‘Hjir binne wy foar de fyfde kear,’ âle it jonkje dat stjoerde. Ik soe krekt freegje at er wol telle koe, doe’t er de fyts rjocht de struken yn stjoerde, njonken it paad. Dêr leinen se. ‘Krekt net yn ’e sleat,’ sei it ljochte krollekopke efterop. ‘Jim moatte wol foarsichtich dwaan,’ sei ik, ‘op dat nuvere ding. Gjin ûngelokken krije!’ ‘Nee,’ sei it efterste mantsje. ‘Ast tsjin in auto oan rydst, bist dyn hiele libben dea!’
‘Dea, dêr is net folle oan,’ fûn ik, ‘mar wat is dêr no sa moai oan,’ frege ik benijd, ‘om op sa’n smel paad op sa’n meunster te riden? En gean jim dêr ek op nei skoalle ta?’
‘Dat mei net,’ sei it blonde mantsje dat Jorrit hjitte. En de oare sei dat er Mads wie. ‘En do hjitst fan beppe, tink ik?’ frege er. ‘Wy hâlde no op,’ sei er, ‘oars is de fyts aansens leech. Wy mochten ek net hurd fytse, dat neame se baarne, dan is er te gau leech.’
Op dat stuit gie myn tillefoan. Unhandich woe ik ferbining meitsje. Te let. De jonkjes seagen my nijsgjirrich oan. ‘Myn beppe is ek sa ûnhandich as wat mei de tillefoan,’ sei Mads, ‘ mar wol handiger as ús pake.’
‘Och man,’ sei Jorrit, ‘ík moat ús pake altyd helpe mei syn tillefoan. Dan is dy tillefoan wer dea, sa’t er seit. Ik gie lêsten mei pake nei de supermerk. Hy woe flappen tappe. Drukt pake net op in toets mar op it skerm.’
Se laken hurd. ‘En ús pake hat in gehoarapparaat,’ kaam Mads, ‘dêr hat er Blue Tooth op. En dan ropt er no en dan. “Eh hâld dy no ris stil, juh!” Dan praat der ien tsjin him. Fan chatgpt. Freget at er help ha moat.’
‘Ja, hihi,’ lake it oare mantsje, ‘ús pake hat ek sa’n dinkje yn it ear. Mar hy hie lêsten in bytsje rûzje mei beppe. Freget dat mins yn syn gehoarapparaat at se him helpe moat mei syn relaasje. Earme pake! Hy joech syn gehoarapparaat in klap. Au, rôp er sels!’
De jonkjes hysten beide hiel stoer harren treningsbroek op, hellen de noas op, en setten de fyts oerein.
‘Ha jim noch oare hobbys as op in fatbike jeie?’ woe ik witte.
‘Ja, fiskje!’ rôp Mads, dat sille wy no dwaan. Mar dit is it leukst. Foaral as de plysje deroan komt. Dan moatte wy gau fuort wêze!’
Mads besocht stoer op de fatbike te springen. Dat mislearre.
‘Hast dy fatbike noch net sa lang, tink?’ frege ik, ‘Hy is net fan my,’ sei er, ‘hy is fan Jens.’ Hy wiisde nei it jonkje dat fierderop op ’e brêge stie te fiskjen. ‘En op sneintemiddei mei ik altyd by him efterop. Dan ride wy troch de wyk. En dan wolle wy plysjes peste.’
Jorrit woe net mear by him op ’e fyts. ‘Ik gean der wol rinnend hinne,’ sei er en slofke mei my mei de kant út fan de brêge. Mads brûsde slingerjend fuort.
‘Ús heit is by de plysje,’ sei Jorrit, dêr gean ik letter ek by. Haha, en dan moai efter de jonkjes yn ’e wyk oan jeie. Om se in bekeuring te jaan. Of mei te nimmen nei it plysjeburo.’ Hy gnoarre fan wille. ‘Mar no sil ik in grauwe snoekbears fange. Krekt as juster. Miskien fang ik wol wer dyselde werom. No, doei, beppe!’
Giny Bastiaans

 

3 reaksjes op “Handich”

  1. Ja sa giet it … Moai werkenber beskreaun, Giny! Yn de bekende slapstick “Modern Times” (1936) driget Charlie Chaplin as fabryksarbeider hast fertize te reitsjen yn moderne masines. Oan’e ein sjogge we him mei it weesfamke, wer’t er him oer ûntferme hat hân yn hân de opkommende sinne temjitte rinnen, fuort fan alle inge nijmoarderichheden en harren opskepperige baaskes!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *