Jemke Visser

Alder wurde

logo.ensafh

Wurdt dit wol in nijsgjirrich stikje, want jildt it net foar eltsenien?
Ja, dat is sa. Mar dêryn is like folle ferskaat as der âlderen binne, fan in noflike âlde dei oant in ultime lijenswei, mei ek dêryn de noadige farianten.
Dêrby is it de fraach oft men wol krekt seit hoe’t it fielt. In stadium fan ôftakeling spilet faaks in rol. Guon ha de behoefte om harren leed wiidweidich út te dragen, soms mei de noadige oerdriuwing. Oaren akseptearje harren lot, meitsje der it bêste fan, soms mei relativearring en humor. Dêr is oer it algemien wol sympaty en wurdearring foar.
Hoe’t ik dêryn stean? Hast 84, dan is it wyldste der wol ôf … Myn kredo is it bêste te omskriuwen as: ‘De grutste fleur is der no ienris ôf, mar dat betsjut net dat der neat mear is.’
It kwytreitsjen fan dierberen, famylje en freonen hakt der eltse kear wer yn, mar wa oerkomt dat net? ‘Myn krinkje wurdt al mar lytser,’ seit men dan. Mar der is neat op tsjin om ris te sjen wat treast of in nije ympuls jaan kin, sa as bygelyks it skriuwen fan kollums …
Ik hoech net sa nedich oan alderhande goedbedoelde âldereinaktiviteiten mei te dwaan, mei-inoar fytse as kuierje. Lokkich bist frij om soks likegoed allinne as mei in pear te dwaan.
Wat my mear by de kladden hat, is it weifallen fan alles wat it libben altyd sa’n fleur en faasje joech: sile, kampearfakânsjes, fytsfakânsjes en berchtochten, sliepe yn berchhutten yn dy oerweldigjende stilte fan it heechberchte.
Reedride? Nee, ek net mear, ik ha myn djoere klapredens oan ien fan myn soannen jûn. Likemin sit ik in pear kear wyks op de racefyts. Dy hat pakesizzer Jestler no, harres wie stellen.
Mar … kom op, is it no sa slim datst soks net mear dochst? Efter in rollator, dan pipest wol oars.
Noch mear om oer te eameljen? Ja … ik ha sûnt myn puberjierren altyd trompet spile yn jazzbands mei alderhande mooglike en soms ûnmooglike optredens, sa as in kear by in begraffenis neist de noch iepene kiste. Dat wie mei de Ljouwerter Leoville Jazzband letter yn nije gearstalling, sûnt 2000 feroare yn Jazzorkest LEOVILLE mei in prima sjongster as ekstra publykslûker. Benammen oan sneintemiddeikonserten yn Fryske tsjerken bewarje ik moaie oantinkens.
Mar al earder, yn de 60’er jierren hiene we in ridlik populêr dûnsbandsje The Maryland Combo út Grou, mei rûnom optredens yn dûnssealen, kafees en ‘silersbal’ yn Grou en Earnewâld, dêr’t we dan yn in motorpream mei Grouster fans hinne fearen. Mar ek doarpsfeesten yn feesttinten mei ‘dûnsjen nei’ nei in doarpsútfiering of in optreden fan Tetman en Jarich steane my noch tige by. Dy fregen trouwens gâns minder foar in optreden as Gerard Joling en Frans Bauer.
Mar dan … ier as let tsjinnet it ûnûntkombere him oan, it by koperblazers beruchte ferlies oan ‘embouchure’ … Dat is ek altyd it earste wat dy inoar freegje, hoe’t it dêrmei stiet, want as hege noaten in probleem wurde, kinst better ophâlde. Guon trompettisten probearje it fol te hâlden, better net dwaan. In trompet is wat dat oanbelanget net it meast geskikte ynstrumint. Mar … einliks moat ik ek dêr net oer seure! In fuotballer moat der faaks al folle earder mei kappe.
Mei in stik as wat muzikanten ha ik noch sa no en dan kontakt: ‘Spilest net mear, in falsk gebit seker …’
Wat bliuwt binne oantinkens oan al dy soms wol hiel aparte optredens, neisitte, muzikantehumor … In trombonist en saksofonist, beide opgroeid yn Almelo grapjasten altyd yn it Twents mei inoar, sa as Herman Finkers.
‘Wy sitte yn ’e blessueretiid,’ seit in pianist, eks-fysioterapeut, dêr’t ik ek gâns wat jierren mei spile ha en fan wa’t ik steefêst ‘seker wer net oefene’ te hearen krige by in slipperke. ‘Wannear spilest The last Post?’ frege er koartlyn. Mar genôch generaasjegenoaten binne der beroerder oan ta, wit ik.
Yn de wurden fan myn bern: ‘Net eamelje, moatst ris sjen hoe’tst der noch by rinst’. Harren mem hie itselde sein …

 

 

 

1 reaksje op “Alder wurde”

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *