Teleks: Argyf fan Klaas Bruinsma folslein ynventarisearre

logo.ensafh

It persoanlike en literêre argyf fan Klaas Bruinsma is beskreaun en foar elkenien tagonklik. It argyf waard nei it ferstjerren fan de master-oersetter yn 2018 skonken oan Tresoar. Yn 2025 is de bewurking derfan begûn en koartlyn is de lêste hân lein oan de ynventaris.

It argyf is opdield yn trije parten. Neist in part oer syn persoanlik libben fan Bruinsma folgje stikken oer Bruinsma syn opliedingen. Dat lit al sjen hoe’t syn ynteresse foar it oersetten fan talen him ûntwikkele hat. Al op de middelbere skoalle begûn er mei it oersetten fan parten fan Homerus syn wurk. Inkelde skriften mei oersettings binne dêr tsjûgen fan.

Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *