Charles Baudelaire
Oersetting: Lubbert Jan de Vries
De lytanyen fan Satan
O do, de betûftste en de moaiste fan de ingels,
Idoal bedragen troch it lot en berôve fan lof,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
O ferbannen prins, dy’t wy te koart dien ha,
En dy’t, ferslein, altyd sterker oerein komt,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Do, de grutte kening fan it ûnderierdske dy’t alles wit,
Fertroud genêzer fan de eangsten fan de minske,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Do, troch dyn leafde krije de lepralijers, en it ferflokt útskot,
De smaak foar it paradys te pakken,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
O do dy’t fan de Dea, dyn âlde en sterke beminde,
Hope makket, -– sok in sjarmante dwaasheid!
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Dy’t de fûgelfaaie syn heechhertige eachopslach jout,
Dy’t de kliber rûnom it skavot folslein ferdommet,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Do dy’t wit yn hokker hoeken fan dizze ôfgeunstige wrâld
De jaloerske God de fonkelstiennen ferstoppe.
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Do, waans kleare each de djippe arsenalen wit
Dêr’t, út it sicht, de âlde folken en it izererts slommerje,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Do waans machtige hân de ôfgrûn maskearret
Foar immen dy’t yn de sliep lâns de râne fan in gebou skeuvelet,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Do dy’t mei tsjoenderskrêft de âlde bonken fan de trage sûplap,
Dy’t fertrape waard troch hynders, wer linich makket,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Do dy’t, om de kwetsbere minske yn it lijen te treasten,
Ús leard hat salpeter en swevel te mingen,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Do dy’t trochtrape hândiedich syn merkteken pleatst
Op de foarholle fan de ûnbarmhertige en mislike Croesus,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Do dy’t it each en it hert fan jongfammen oantrunet
Ta de leafde foar fodden en de oanbidding fan litten fertriet.
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Maarskalkstêf fan de bannelingen, lampeljocht fan de útfiners,
Bychthear fan de ophongene en de gearspanners,
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Pleechheit fan dyselden dy’t God de Heit yn syn bline ferwoedens
Fuortjage út it ierdske paradys.
O Satan, ha begrutsjen mei myn lange ellinde!
Myn gebed
Gloarje en lof oan dy Satan, yn’e hichten
Fan de himel dêr’sto hearskest, en yn’e djipten
Fan de Hel, dêr’sto, oerwûn, yn stilte leist te dreamen!
Dat myn siel op in dei, ûnder De Beam fan goed en kwea,
Neist Jo rêst, op de oere dat har tûken har lykas in nije Timpel
Op Jo foarholle útspriede!