De nije Tiny Mulderpriis is freed 30 oktober yn ûntfangst naam troch Rymke Zijlstra foar har boek It geheim fan Gurja. Yn it smûke tsjerkje fan Jellum (Theaterkerk Mammemahuis) krige sy in oarkonde oerlange troch deputearre Eke Folkerts. By de priis heart ek in jildbedrach fan 4000 euro.
Foar Zijlstra fielde it wat ûngemaklik om “hjir sa midden yn ‘e belangstelling te stean”, mar tankberens oerstimde dat gefoel. “Wat in ere om hjir as earste dizze priis ûntfange te meien. En dat foar (…) myn earste Fryske oersetting fan in Noarsk boek.”
Lês en sjoch fierder by Tresoar