Skermer

Mei de platte kant

logo.ensafh

Wat ik lies wie in tets. Ik knipere mei de eagen. Ik typ it oer:
‘De boade kundige oan:
“De rjochtbank!”
Doe’t de twa rjochters oan wjerskanten fan him har plak ynnommen hiene, sei presidint Pott:
‘Ik fersykje de fertochte om oerein te kommen.’
De frou gong stean.
Troch it griene lampeskynsel foel it net op dat presidint Pott sa wyt wie as in deade, mar it wie dúdlik te merken dat it by de diskusje yn ’e riedskeamer, dy’t wol twa oere duorre hie, need gongen wie. Boppedat wist de hiele wrâld dat de presidint en de beide rjochters min meiinoar koene en de geheimen fan ’e riedskeamer wiene faker as ien kear útlekt, Der waard skealik sein, dat de yntelliginsje en rjochtskepenheid fan ’e presidint geregeldwei yn oanfarring kamen mei de burokratyske stivens en it dwarse ûnbegryp fan syn twa meiwurkers.
De presidint lies:
“Ut namme fan it Frânske folk ensfh. ensfh., op grûn fan paragraaf ensfh.ensfh., yn oerwaging nimmend dat ensfh. ensfh. en benammen om’t de rjochter rjochts fan my in ezel is, en de rjochter links fan my ek, wurde jo, Maria Lanson, dochter fan Pierre Lanson, âld fiientweintich jier, berne yn Coulombimiers ensfh. ensfh. feroardiele ta trije jier sel, twatûzen frank boete en ta it beteljen fan in skeafergoeding oan ’e beneidielde partij. Jo hawwe trije dagen de tiid om yn heger berop te gean en dat ried ik jo oan, om’t gelokkich net alle rjochters sa binne as dizze twa.”’
It boppesteande is it begjin fan it boek L’esperimento di Pott fan Pitigrilli. Nuver. Yn de titel fan it boek en yn de skriuwersnamme stean fjouwer i’s. I,i,i,i. Dat binne spjeldeprikken. Mar it boppesteande is net skreaun mei it floret, net mei de degen, mar mei de platte kant fan ’e sabel. Klets! Pats! Boem!
De titel fan de Nederlânske oersetting is Jalouzie. Wer dy i-klank.
Apart.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *