Piter Boersma

Foaropwurd 112

logo.ensafh

Foaropwurd 112

fan freed 28 maart 2008

Foekje Dillema
Ferline jier desimber ferstoar de eardere hurdrinster Foekje Dillema. Breedút kaam doe wer de affêre om dizze atlete yn it nijs. Begjin jierren fyftich wie se in opfallende nije ferskining op ’e atletykbanen, mar har karriêre wie foarby doe’t se derfan beskuldige waard eins in man te wêzen. Dy beskuldiging soe benammen Jan Blankers, de man en atletykbobo fan har konkurrinte, Fanny Blankers-Koen, in rol by spile ha.
Yn dizze ôflevering fan Farsk wijt Janneke Spoelstra der in gedicht oan.

Debutant
Foar it earst op Farsk in bydrage fan Jemke Visser. Hy hat in fermaaklik fakânsjeferhaal skreaun, ‘La douce France’.

Kollumniste Koosje Melis
Ferline jier levere se geregeld kollums. It hat dit jier even duorre, mar dêr is se wer. Foartoan ien kear yn ’e acht wike. Yn de kollum op dizze Farsk rjochtet se har oandacht op de EO.

Nije foargongers?
Yn ’e aginda fan Farsk stiene optredens fan de Rebound Boogie Band en dichter Sytse Jansma. Se diene tsjerken oan. Dat dogge dichters al langer. Yn ’e wiken fan it Frysk festival sille dichters ek by tsjerken lâns, net sa orizjineel, mar dat heart no sa, sa’t skynt. Binne dichters de nije foargongers?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *