Al R.

Eurokommissaris

logo.ensafh

Foarige wike wie de eurokommissaris foar meartalichheid op besite yn Fryslân. Leonard Orban hyt de man. It slagget ‘Europa’ mar net om tichter by de Europeeske boargers te kommen. De besites fan eurokommissarisen oan lidsteaten is in manier om better mei elkoar yn de kunde te kommen, mar omdat der in soad lidsteaten en noch mear regio ’s binne, is der sljochtwei ien kear yn de fiif jier tiid foar sa’n wurkbesite oan Nederlân. Dat sjit net echt op. It Nederlânske ‘nee’ tsjin de grûnwet (dy ’t net echt in grûnwet wie, mar allinne mar sa hjitte foar it gemak) hat de ferhâldings tusken Nederlân en Europa yn alle gefallen net ferbettere. En it is de fraach oft de besite fan ôfrûne wike derfoar soarge hat dat it byld oer en wer positiver wurden is. Fansels hat it him net oan Fryslân lein: wy ha him yn ’e watten lein mei de bêste keamer fan it Stedhâlderlik Hôf, flaggen op de Aldehou, lekker iten en in soad Fryske sjarme. Mar foar’t de eurokommissaris nei Fryslân reizigje koe, moast er earst nei Den Haag. De stêd dêr’t ús parlemint, ús folksfertsjintwurdigers har eltse dei ynsette foar it nasjonaal belang.
Orban fertelde dat hy yn in Europeeske lidsteat wie en minsken tsjin him seinen: ‘O, jo binne in minsk. Ik kin mei jo prate en jo binne sa gewoan.’ Orban wie skokt, ‘fansels bin ik in minsk en mar hiel gewoan, ik wol dat de boargers fan Europa my oansprekke kinne. Ik wol net dat se bang fan my binne.’ Yn de Twadde Keamer yn Den Haag wienen se yn alle gefallen net bang foar him. Sterker noch, se wienen sa’n lyts bytsje bang foar him dat it ûnferskillichheid like.
It debat tusken de eurokommissaris en de keamerleden wie iepenbier en ûnderskreaune siet op de publike tribune. Om te begjinnen wie de belangstelling fan de keamerleden net oerweldigjend grut. Allinne de parlemintariërs dy’t echt net oars koenen wienen nei it debat kaam. En omdat it net sa’n grutte groep wie, foel it nammerste mear op dat se mei elkoar sieten te praten en te gibeljen wylst Orban antwurd joech op in fraach. Dy fragen wienen trouwens net fan in geweldige djipgong. It gie foaral oer oersettings fan dokuminten dy’t fan Brussel út nei Nederlân stjoerd waarden (dy moasten yn it Nederlânsk) en oer hoe’t je Poalen, tsjintwurdich EU boargers, twinge koenen te yntegrearjen. It liket derop dat it parlemint de stekken dy’t it in jier as fiifentritich lyn falle litten hat, no mei de Poalen goedmeitsje wol. Yntegrearje sille se, of se wolle of net. It like Orban net op te fallen dat ús folksfertsjintwurdigers har sa no en dan wat ûnprofesjoneel gedroegen. As Roemeen fan orizjine is er miskien ek wol wat wend.
Nei in oerke wie it debat ôfrûn en de foarsitter fan de keamerkommisje seach syn kâns om de eurokommissaris wat ynformaasje oer Fryslân te jaan: ‘No menear Orban,’ sei er mei in ynnimmend glimke, ‘ik winskje jo in soad sukses yn Fryslân. At jo der komme yn alle gefallen. It is faak ienfâldiger om fan Den Haag nei Johannesburg te reizigjen as fan Den Haag nei Fryslân.’ Tsja…. It is in skrale treast dat Fryslân foar ús folksfertsjintwurdigers like fier fuort is as Brussel.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *