J. Slauerhoff, Andries Miedema

Marsliet

logo.ensafh

Soldaat, wy ha in hechte bân,
myn neiste yn ’t gelid;
wy hawwe hûn noch krie, ha neat,
gjin frou, in gâns ferlitten steat,
in hierling hat gjin heitelân,
wy rinne yn ’t gelid.

Soldaat, do bist myn kammeraat,
de fijân siket tige;
ferskeatst dyn lêste pylk te wyld,
dan sikest skûl ûnder myn skyld.
Soldaat, do bist myn kammeraat,
myn neiste yn ’e rige.

Soldaat, do bliuwst myn kammeraat,
binne ús bonken wyt, ik wit
de moanne skynt giel op ús del,
in aap sa no en dan skreaut skel;
wy bliuwe nei de dea soldaat,
op ’t slachtfjild yn ’t gelid.

(Nei Sji King)

(Oersetting: Andries Miedema)

Foaropwurd fan Slauerhoff by de bondel ‘Yoeng Poe Tsjoeng’):

‘De fersen fan dizze samling binne út it Frânsk, Dútsk, Ingelsk, of streekrjocht út it Sineeske libben en lânskip oerbrocht mei foarbygean fan siden gewaden, roazen, moanneglâns, dy’t sa oerfloedich yn oare fûn wurde, mei in foarkar foar de bitterheid fan it libben, yn Sina oerfloediger fûn en mei mear nochterens beliden as by ús. Foar de leafhawwers fan it poëtyske, foar de dwepers mei it Easten binne se dus Yoeng Poe Tsjoeng (fan gjin nut).’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *