Willem Winters

Peallen

logo.ensafh

Der wurdt in soad praat oer minsken dy’t te min nei keunst sjogge, mar kin it ek te folle wêze?

Yn de barm fan ’e Noardersingel, hoeke Spanjertsleane leine op in moarntiid de ûnderdielen fan in nij keunstwurk.
It is troch de gemeente Ljouwert oan de buert skonken en makke troch Ivo Nijering út Beetstersweach.
Hy betocht in konstruksje dy’t mei losse ûnderdielen – lykas Lego – nei alle kanten út te wreidzjen is. In soarte fan prefab-keunst fan fersinke izer, mei in pear flappen en in skeane kant mei in bytsje ovale plaat.
Mei bouten kinne de peallen ferbûn wurde. De konstruksje kin sigesaagjend omheech gean, mar ombochten binne ek mooglik. Sa as it no is hawwe inkelde nijsgjirrigen út de buert yn gearwurking mei de keunstner dizze kar makke, mar as yn de rin fan ’e tiid oaren ek ris in idee hawwe oangeande dit boartlike konstruksjespul, dan kin dat útfierd wurde. Se moatte it dan wol sels betelje en wurkje yn ’e mande mei de keunstner. Net elk mei samar wat los en fêst skroevje, dat is fierstente gefaarlik.
Nijering hat de konstruksje sa heech makke dat, geande lâns de stedsgrêft, it byld op in positive wize konkurreart mei de hege bousels dy’t der al stiene, it kommunisearret mei de beboude omjouwing.

dsc00541

Ik hie dit ferhaal al oan in pear minsken ferteld, guon wiene der al even lâns fytst en bearden wakker dat dy bulte glimmende peallen wat beloofde. It koe wol in soarte toer fan Snelson wurde [Kenneth Snelson; it Kröller-Müller]!
Soks soe dêr oan it wetter in prachtich effekt jaan. Wylst in oar net folle keunst seach yn glêde izeren peallen.

Noch gjin wike letter sjoch ik dêr werklju mei dy peallen dwaande, mar der is noch gjin begjin fan in konstruksje.
Heden, wat no? Koart by it wetter geane dy peallen meters de grûn yn, in lyts kopke bliuwt der boppe, de kant mei dat skeane flak, dêr kinne de boatsjeminsken yn ’e Prinsetún de touwen omhinne smite.
Dy peallen blike bolders!
[Al wer in miste kâns foar de kultuer yn Ljouwert.]

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *